Kommunikaasje

Foarop stiet dat de gemeente der is foar alle ynwenners. De gemeentlike kommunikaasje moat dan wol sa wêze dat alle ynwenners it begripe kinne.

Dat stelt dus easken oan it taalnivo dêr’t de gemeente yn kommunisearret, mar ek oan de taal dy’t de gemeente brûkt. De FNP pleitet foar in twatalige ynformaasjefoarsjenning. Foar de tsjinstferliening hâldt dat yn dat it folgjend taalbelied (de gemeente kiest de taal fan de ynwenner dy’t har oansprekt) foar it Frysk en it Nederlânsk mear hannen en fuotten krijt.


 Dit fynt de FNP wichtich:

  • De gemeente moat him realisearje dat se der is foar de ynwenners en net oarsom.
  • It gemeentlik taalgebrûk moat foar de ynwenners begryplik wêze.
  • Yn it kontakt mei de ynwenners wurdt it folgjend taalgebrûk sawol mûnling as skriflik konsekwint tapast.
  • Net alles digitalisearje, mar dat ek in fisike baly yn stân hâlde.
  • By it meitsjen en útfieren fan belied in taaltoets útfiere om te sjen wêr’t rekken hâlden wurde moat mei de twataligens yn de gemeente.
  • De beslútfoarming fan de ried breed kommunisearje nei de ynwenners, bygelyks fia de sosjale media en de drukte media.