Gemeentlike lesten

It grutste part fan it jild dat de gemeente krijt, komt fan it ryk. Dêrnjonken hat de gemeente beheinde mooglikheden om ek sels heffingen op te lizzen oan de ynwenners. De ûnrepliksaakbelesting is hjirfan yn omfang de grutste.

Foar de FNP is it wichtich dat lesten evenredich oer de ynwenners ferdield wurde. De sterkste skouders drage de swierste lesten.

Wat de hûnebelesting oanbelanget: salang de opbringst dêrfan foar it grutste part bestege wurdt oan foarsjennings fan hûnen, wolle wy dy yn stand litte. Itselde jildt foar toeristenbesting: as de opbringst bestege wurdt oan it fasilitearjen fan toerisme, dan stiet de FNP dêr achter.

Punt fan omtinken hjirby is dat wannear’t der yn de gemeente toeristyske ynformaasjebuorden delsetten wurde, it Frysk op dy buorden ek in plak ha moat.


Dit fynt de FNP wichtich:

  • De ynkomsten út hûnebelesting en toeristenbelesting bestege wurde oan respektivelik foarsjennings foar hûnen en it fasilitearjen fan toerisme.
  • De ûnrepliksaakbelesting stiet net fêst wat de FNP oanbelanget. Der kinne situaasjes wêze dat wy dy belesting beheind ferheegje moatte om de gemeentlike taken op in goeie manier útfiere te kinnen.