De FNP yn Smellingerlân

Smellingerlân is in moaie gemeente mei in soad mooglikheden. Tagelyk komt der ek in protte op de gemeente ôf, ûnder oaren saken út it lanlik regear wei, benammen op it mêd fan duorsumens en soarch.

By alles wat de gemeente docht, moat duorsumens it liedend begjinsel wêze. Dat binne wy oan de takomstige generaasjes ferplichte.

De gemeente sit finansjeel yn swier waar, de kommende fjouwer jier moatte wy de gemeente wer finansjeel sûn meitsje. Dit betsjut dat der keuzes makke wurde moatte. Útgongspunt is foar de FNP dat wannear’t gemeente keuzes makket dat net ten koste gean mei fan de kwetsberen yn de mienskip. De FNP stiet noed foar it sosjaal belied, de enerzjytransysje en de wentebou. En fansels makket de FNP him sterk foar it brûken en befoarderjen fan it brûken fan it Frysk troch de gemeente.