FNP net iens mei beliedsplan

gemeentehûsFan de wike waard it foarnommen belied foar de periode 2013-2016 besprutsen. Us gemeente liket der finansjeel noch wol goed foar te stean. Der kin noch ynfesteard wurde en it sosjale belied hoecht net útklaaid te wurden.

Dat is goed wurk fan it kolleezje. Mar der binne ek mindere punten.

Lês fierder...

Smellingerlân wurdt fair-trade gemeente

fairtrade logoYn de ried fan 4 septimber 2012 is mei it inisjatyf ynstimd om ús gemeente Fairtrade te meitsjen. In Fairtrade Gemeente is in titel dy't in gemeente krije kin als hja bysûndere ynspannings leverje om fairtrade of earlike hannel mooglik te meitsjen.

Smellingerlân wol har ûnder oaren ynsette foar:

  • Mear oankeapplakken foar Fairtrade-produkten, sawol yn de detailhannel as yn de horeka;
  • Mear ynwenners en bedriuwen en organisaasjes yn Smellingerlân besykje te stimulearjen om dizze oankeapplakken te finen;
  • Mear bekendheid oer de betsjutting fan Fairtrade foar ûntwikkelingslânnen.
Lês fierder...

Bestimmingsplan Bijzondere Onderneming

efterweiYn de Rottefalle leit in hoekje by de Efterwei noch braak. De bestimming op dat stikje wie wenjen en wurkjen. De oare persielen fan it oarspronklike wenjen en wurkjen plan binne al beboud oerienkomstich it bestimmingsplan.

lês fierder...

Dochs noch in feart yn Drachten

drachsterfeartDe lêste wiken wiene drokke wiken omdat der ekstra gearkomsten wiene fanwege de Drachtster Feart. De ried moast in útspraak dwaan oer in yngewikkeld útstel omtrint in oanpaste oerienkomst mei Vastgoed Noord (VGN). Yn in pear wurden de histoarje.

Lês fierder...

Unwis perspektyf

durk-persperktyfTiisdei waard de Perspektyfnota yn de rie behannele. Yn de perspektyfnota steane de beliedsfoarnimmens fan de gemeente foar de kommende tiid. Dy wurde útwurke yn de begrutting dy't yn novimber oan de oarder komt.

It sil net nij dwaan dat de besunigings sintraal stiene. De gemeente krijt minder jild fan it Ryk moat dus tûker begrutsje.

Lês fierder...

Nij WMO-beliedsplan freget hurd wurkjen

wmo-loketYn de ried fan 12 juny 2012 is it nije WMO-beliedsplan foar 2012-2015 mei grutte mearderheid fêststeld. Hoewol't oant no ta altyd jild oerhâlden waard op it WMO-budzjet, foarmje besúnigings dochs foar in part ûnderdiel fan it nije WMO-beliedsplan. De kearnbegrippen fan it beliedsplan "eigen krêft en selsredsumens" wize ek yn dizze rjochting.

Lês fierder...

Nije boargemaster yn Smellingerlân

TjeerdvanBekkumJusterjûn hat de gemeenteried ienriedich de Tjeerd van Bekkum foardroegen as nije boargemaster fan Smellingerlân. Op dit stuit is dhr van Bekkum noch boargemaster fan Marum.

It is de bedoeling dat de nije boargemaster yn septimber ynstallearre wurde sil troch de kommisaris van de keninginne. De FNP-Smellingerlân lokwinsket dhr van Bekkum.

Duorsume mienskip

himmeldeialdegeaTwa jier lyn tsjinne de PvdA in inisjatyfútstel yn om ferieningen, skoallen en tsjerken te belûken by de ynfolling fan de ‘duorsume mienskip’. Dat wie nei oanlieding fan it beslút om it ferieningen, skoallen en tsjerken net mear ta te stean om âld papier yn te sammeljen. No moat de ried in beslút nimme oer de kolleezje-utwurking fan dat útstel.

Lês fierder...

Ferkenning ekonomsyke gearwurking

ekonomyskegearwurkingDe kolleezjes fan de gemeenten Ljouwert, Súdwest Fryslân, Smellingerlân en it Hearrenfean hawwe yn de mande mei de provinsje in pdf ferkenning  dien nei gearkwurking op it mêd fan de ekonomy. Taalkundich in grouwelich stik. Fol mei oerstallige Ingelske wurden (faak in teken is fan in heech gehalte oan bakte lucht).

Lês fierder...

Reklamebelesting net earlik

sintrumDrachtenParseberjocht: De reklamebelesting dy't B&W fan Smellingerlân ynfiere wolle foar alle ûndernimmers yn it sintrum, is ûnearlik. Ûndernimmers dy't gjin lid wêze wolle fan de feriening H&I moatte wol betelje, mar meie net meiprate oer it jild. Dat stelle FNP en Grien Links yn Smellingerlân. Kommende wike wurdt yn de gemeenteried praat oer it fûns dêr't de nije belesting yn komme moat.

Lês fierder...

Jierferslach rekkenkeamer 2011

siferkesSûnt april 2006 hat Smellingerlân in saneamde rekkenkeamerkommisje (RKC). In rekkenkeamerfúnksje is wetlik ferplicht. De rekkenkeamer stipet de ried by de kontrole op de útfiering fan it gemeentlik belied troch it Kolleezje fan B&W.

It doel fan de RKC is it fersterkjen fan de kontrolearjende rol fan de ried. Dêrom fiert de kommisje ûnôfhinklik ûndersyk út, dat rjochte is op de fraach oft it gemeentlik belied wol effektyf en doelmjittich west hat. De ynstek fan de RKC is dat de útfiering fan harren taak liede moat ta in ferbettering foar de gemeente en de ynwenners.

Lês fierder...

Provinsje kiest foar sûn ferstân

kaartsjesmellingerlanFan de wike kaam de provinsjale fyzje op de weryndieling yn Sudeast Fryslân nei bûten. Yn dy fyzje stiet mei safolle wurden dat weryndieling yn Sudeast Fryslân net oan de oarder wêze kin. De gemeenten yn dy hoeke ha genôch bestjoerskrêft en in fúzje fan Smellingerlân en it Hearrenfean past net by de útgongspunten fan weryndieling.

Mear konkreet: as Drachten en it Hearrenfean yn ien gemeente lizze soene, dan moatte der geregeld belangenôfwagingen makke wurde tusken de beide kearnen. Dat sil net bydrage oan it ûnstean fan in homogene gemeente.

Lês fierder

Lytse wizigings by it kwytskellen fan gemeentlike lesten

gjinjildAllinichsteande âlders mei in leech ynkommen kinne meikoarten de kosten fan de saneamde "formele berneopfang" ôflûke fan harren útkearing of lean. Dêrmei wurd it ynkommen foar dizze groep minsken ferlege wêrtroch rjocht ûntstean sil op kwytskelding fan gemeentlike belêstingen.

Oant koartlyn wie dit net mooglik, mar troch in wiizging yn de lânlike Ynfoarderingswet 1990, meie gemeenten dit no tapasse. Sadwaande kinne wy noch wat berikke foar dizze kwetsbere groep. De FNP is wiis mei dit útstel, benammen ek om't it mear foech jout yn ús lokale minimabelied.

Lês fierder

FNP hat soargen oer Wet Werken naar Vermogen

wwnvFNP-Smellingerlân hat lykas meardere partijen in ús gemeenteried, grutte muoite mei de WWNV. Wy ûnderskriuwe dan ek de kritykpunten dy’t de Feriening fan Nederlânske Gemeenten (VNG) ferline wike op it kleed lein hat by de Twadde Keamer: minder rykssubsydzje kin grutte tekoarten opsmite foar gemeenten, de praktyk fan “ontschotte” budzjettearring bedriget ús eigen reïntegraasjebudzjet en trochkrúsket it partisipaasjebelied dat Smellingerlân oant no ta fiert hat.

Boppedat sil it ynfierjen fan leandispensaasje in protte burokrasy betsjútte foar de gemeentlike organisaasje. Dêrneist meitsje wy ús soargen oer ferdringingseffekten op de arbeidsmerke en binne benaud dat leandispensaasje de CAO’s fan de legere leanskalen oantaaste kinne.

Lês fierder

Goed ûndernimmersklimaat op it Gerslân

fustkjeDe riedsgearkomste begûn justerjûn mei in koarte fleurige meidieling dat in ûndernimmer út ús gemeente ûndernimmer fan it jier wurden wie. De meidieling waard dien troch wethâlder Zweers. Hy hie it oer 'wy' wylst hy de ûndernimmer bedoelde. In foarm fan identifikaasje dy't in kolleezje net past.

Dyselde identifikaasje liket in rol te spyljen by it bernedeiferbliuw op it Gerslân. Der wurdt in te grut ferbliuw boud op in te lytse lokaasje wêrtroch net alle funksjes op it eigen terrein ôfhannele wurde kinne. It moat wol grut om de ûntwikkelder en ûndernimmer foldwaande (of te grut?) rendemint jaan te kinnen. En as dan letter bliken docht dat der ferkearsoerlêst is, dan wurde der op kosten fan de mienskip 'passende maatregelen' naam. Mei rjocht in goed ûndernimmersklimaat op it Gerslân!

Goed wurkjouwerskip

mvoNei oanlieding fan de problemen by de Welle, behannelen wy jûn yn de ried in inisjatyf-útstel fan de SP en D66. It útstel wie bedoeld om it kolleezje by it subsidiearen fan ynstellingen in ynstrumint te jaan wêrmei it goed wurkjouwerskip hifke wurde kinne soe. Tagelyk wurke Grien Links ek oan in útstel oer in maatlat Maatskiplik ûndernimmen. It like ús better dat dy twa útstellen yninoar skood wurde soene omdat der in grutte oerlaap yn like te sitten.

Lês fierder

Ald izer bliuwt by de doarpen

NijegeaYn de riedsgearkomste stie it ynsammeljen fan âld izer op de wurklist. Yn Aldegea en Nijegea wurdt al jierrenlang it âld izer troch ferieningen en de tjserke ynsammele. Dat is in jierliks barren dat droegen wurdt troch de ynwenners fan de doarpen. Troch it beleid fan it kolleezje fan B&W soene de ferieningen dat fan 2013 ôf net mear kinne.

In mearderheid fan de ried tocht dêr lykwols oars oer. In moasje fan it CDA waard mei troch de FNP en 7 oare partijen ûndertekene en hie dêrmei in rûme mearderheid yn de ried.

De wethâlder hat tasein de moasje útfiere te sillen. Dêr binne wy bliid mei. In aktiviteit, droegen en útfierd troch de doarpen, moatte je as gemeente earder stypje dan ôfbrekke.

Takomst

pasfoto durkYn de gemeenteried fan febrewaris stie de sosjale wurkfoarsjenning op de wurklist. Fanwege besunigingen en wetswizigingen, moatte gemeenten de sosjale wurkfoarsjenning oars organisearje. De ynstek is net hoe oft it better makke wurde kin foar de minsken dy't dêr wurkje, mar de ynstek is dat it minder kostje moat. De besunigingen op de sosjale wurkfoarsjenning is in politike kar fan Den Haach.

Noreena Herz skreau yn har boek "De Silent Takeover" hoe oft grutte multinasjonale bedriuwen de demokrasy útholje. Troch harren grutte ekonomyske macht binne se yn steat politisy te manipulearjen en te stjoeren wylst politisy de boargers fertsjintwurdigje moatte soene. Ien fan de gefolgen is dat by in soad ôfwagings it jild en de (bedriuws)ekonomy liedend wurden is, wylst de 'oerheid' yn it foarste plak bedoeld is om it wolwêzen fan har boargers te hoedzjen en as it kin better te meitsjen.

Lês fierder

In hege priis foar Caparis

caparisÔfrûne tongersdei 22 septimber hawwe de 8 Fryske Kolleezjes dy't it bestjoer foarmje fan Caparis, harren rapport oer de takomst fan de WSW-ynstelling presintearre en oanjûn dat hja dizze gearwurking trochsette wolle. In oplossing foar de grutte finansjele problemen is dêr noch net. Boppedat krije de gemeenten jierliks 6 miljoen minder fan it Ryk. De acht gemeenterieden moatte elts noch beskaat beslisse oer de gearwurking.

Lees meer...

Takomstfyzje op inisjatyf fan FNP oanpast

takomstfyzjesmellingerlanYn de riedsgearkomste fan 10 maaie waard de 'Yntegrale takomsfyzje' fan Smellingerlân behannele. Yn de fyzje soe beskreaun wurde moatte hoe oft wy graach wolle dat Smellingerlân der yn 2035 útsjen moatte soe. In winskbyld dus.

De fyzje dy't oan de ried  foarlein waard, beskreau fjouwer senario's fan hoe oft it rinne kinne soe. Der siet net in winksbyld by. Omdat de yntegrale takomstfyzje in dokumint is dêr't belied foar de koartere termyn oan hifke wurde moat, like it de FNP dochs wol wichtich om fan de 4 senario's út ek in winksbyld del te setten.

Lees meer...

FNP-bustocht troch hiel Fryslân

bustochtFNP_JPG_154813kOp sneon 26 febrewaris toert de FNP mei de top tsien fan 'e kandidatenlist foar de Provinsjale Steaten troch Fryslân. De bus giet fan Gaasterlân, fia It Hearrenfean nei Drachten, troch de Westereen nei Damwâld en dêrnei fia Blessum en Snits wer nei Riis yn Gaasterlân. De bus mei dweilorkest wurd om 11.30 oere ferwachte yn it sintrum fan Drachten, op de Merke (by it eardere postkantoor). De FNP-kandidaten sille ûnder oaren struibrieven útdiele. De FNP hopet op dizze wiize op ien dei mei sa'n 2500 minsken in direkt kontakt te hawwen. De FNP wol each hawwe foar sawol grutte as lytse plakken.

Op de provinsjale kandidatenlist steane ek twa leden fan FNP-Smellingerlân: op tsien stiet Saapke Voolstra - studinte PABO oan de NHL - út Drachten en op plak alve Jannes van der Velde, selsstannich kommunikaasje-riejouwer út Rottefalle.