Wurk en ynkommen

Yn Nederlân wenje rûchwei 17 miljoen minsken, dêrfan kinne likernôch 10 miljoen wurk dwaan. Tagelyk is der mar foar likernôch 7 miljoen minskejierren  betelle wurk beskikber yn Nederlân.

Je soene je dan ek ôffreegje moatte oft it systeem fan wurk en ynkommen dat wy Nederlân ha, noch wol foldocht en oft wurk net oars ferdield en beleanne wurde moat.

As gemeente hawwe wy te krijen mei in besteande sitewaasje dy’t wy allinnich net feroarje kinne. Dat moat nasjonaal barre. De taken dy’t de gemeente op it mêd fan wurk en ynkommen hat, binne faak delegearre taken. De eigen beliedsromte dêrby is lyts.


 Dit fynt de FNP wichtich:

  • As gemeente yn de mande mei oare gemeenten by de ryksoerheid pleitsje foar in basisynkommen. Doel moat wêze dat elkenien it rjocht op krijt op in ynkommen, krekt as dat no jildt foar âlderen mei de AOW.
  • It sosjaal belied op basis fan fertrouwen útfiere en net op basis fan wantrouwen. Sa min mooglik burokrasy.
  • It sosjaal belied op syn minst op it nivo fan no hâlde.
  • By de reyntegraasje maatwurk biede.
  • It ryksjild dat de gemeente krijt, taakstellend wêze litte. Fan it jild dat de gemeente krijt, moat in sa grut mooglik part by de minsken telâne komme dêr’t it foar bedoeld is.