Ûnderwiis

De gemeente hat gjin ynfloed op de ynhâld fan it ûnderwiisprogramma. Mar der leit wol in taak as it giet om it befoarderjen fan it brûken fan it Frysk.

Fan dy ferantwurdlikheid út wolle wy dat de gemeente der by de skoallen op oandringen bliuwt it Frysk yn it ûnderwiisprogramma in folweardich plak te jaan.

Wat de húsfesting oanbelanget: it húsfestingsplan dat der no leit moat fierder ynfolling krije. By nije skoallen tawurkje op it stimulearjen fan gearwurking tusken de ferskate skoallen.

Yn de berneopfang is it wichtich dat bern yn harren memmetaal opfongen wurde. Dat hat  tagelyk de mearwearde dat bern ek mei de oare rykstaal yn oanrekking komme. Wy pleitsje dan ek foar in meartalige opfang: frysktalige bern yn it Frysk opfange, nederlânsktalige bern yn it Nederlânsk, en sa elkoars talen leare.


 Dit fynt de FNP wichtich:

  • Der by skoallen op oanstean dat it Frysk genôch omtinken krijt.
  • De húsfestingsplannen sa as dy yn de pinne sitte fierder foarm jaan.
  • In dúdlike rol foar Nederlânsk én Frysk yn de berneopfang.