Sûnens

De gemeente moat de rânebetingsten skeppe foar in sa heech mooglik wolwêzen foar de ynwenners. In hiele wichtige komponent fan dat wolwêzen is de sûnens.

De gemeente moat by it meitsjen fan belied en by it dwaan fan ynfestearingen yn de iepenbiere romte altiten rekken hâlde mei de ympakt op de sûnens. Dat hâldt yn: stimulearjen fan beweging, foarljochting oer iten en omtinken foar skjinne lucht. Mei oanbieders fan net-sûne produkten moat oerlein wurde oer it net mear oanbieden, yn alle gefallen it net mear stimulearjen fan de ferkeap, dêrfan.


 Dit fynt de FNP wichtich:

  • Ynwenners, ek de jongerein,stimulearje sûn te iten en genôch te bewegen.
  • Besykje yn oerlis mei grutwinkelbedriuwen en oare oanbieders yn de gemeente de ferkeap fan net-sûne produkten te beheinen.
  • Op skoallen en yn de gemeentlike media foarljochting jaan oer sûnens.