Sport en kultuer drage by oan it wolwêzen fan ús ynwenners. De leefberens yn de gemeente wurdt dertroch ferhege. Hja foarmje dêrom in wichtich ûnderdiel fan it gemeentlik belied.
Tagelyk moatte wy ús wol realisearje dat sport en kultuer gjin primêr libbensferlet is. Minsken kinne pas genietsje fan sport en kultuer as it primêre ferlet (wenjen en iten en drinken) dutsen is. Dêrom sil yn de kar tusken sosjaal belied en sport en kultuer it sosjaal belied swierder wege moatte.
De foarsjenningen foar musyk- en kultuerûnderwiis komme oan de krapperein. De tagonklikheid en betelberheid moatte op itselde nivo komme as sportfoarsjienningen.
Fansels is wichtich is dat yn it kultuerbelied it Frysk genôch omtinken krijt. De gemeentlike kultuernota kin der net oan foarbygean.
Dit fynt de FNP wichtich:
- It stimulearjen fan kulturele aktiviteiten. Sawol foar de grutte ynstellings as foar lytskalige aktiviteiten.
- Breedtesport stimulearje. Dêrby kin it helpe om topsport te fasilitearjen (tink oan it nije swimbad).
- Ûndersykje oft der ferlet is fan in fierljepskâns yn de gemeente en inisjativen yn dy rjochting stypje.
- Leechdrompelige en benammen ek betelbere tagong foar bern ta sport en kultuer, wêrûnder musykûnderwiis.