Sa stiet de FNP deryn

Gemeentebelied kin net los sjoen wurde fan it belied fan oare oerheden, yn Ljouwert, Den Haach, mar ek yn Brussel. Dochs is it ferstandige polityk dat in gemeentebestjoer besiket om ta in belied te kommen dat basearre is op eigen ôfwagings.

De FNP realisearret him, dat soks, as de kniper op 'e skine komt, botse kin mei de belangen fan de oare oerheden, mar achtet dat yn oerienstimming mei de eigen begjinsels: dy fan it federalisme. Yn gewoane taal sein: it foech heart dêr, wêr't it it bêste en it rjochtfeardichste tapast wurde kin.

By ús polityk hanneljen steane sân kearnwearden sintraal. Oan dy kearnwearden hifkje wy de politike besluten.

Wy fine dat Fryslân as bestjoerlike ienheid bestean bliuwe moat. Fryslân moat sels de sizzenskip hawwe oer dy saken dy't ûnderskiedend binne foar de eigen takomst, lykas romtlike oardering, regionale ekonomy, mynbousaken en taal, kultuer, sosjaal belied en ûnderwiis. 

Gemeentlik wat gemeentlik kin, provinsjaal wat better provinsjaal kin en lanlik wat lanlik moat.