• Home
  • Programma
    • Programma Frysk
    • Programma NL
  • Kontakt
  • Wurd lid
    • Alder dan 22 jier
    • Oant 22 jier
  • FNP-provinsjaal
  • Home
  • Programma
    • Programma Frysk
    • Programma NL
  • Kontakt
  • Wurd lid
    • Alder dan 22 jier
    • Oant 22 jier
  • FNP-provinsjaal

Smellingerlân

Sa stiet de FNP deryn

Gemeentebelied kin net los sjoen wurde fan it belied fan oare oerheden, yn Ljouwert, Den Haach, mar ek yn Brussel. Dochs is it ferstandige polityk dat in gemeentebestjoer besiket om ta in belied te kommen dat basearre is op eigen ôfwagings.

Lês fierder

De FNP yn Smellingerlân

Smellingerlân is in moaie gemeente mei in soad mooglikheden. Tagelyk komt der ek in protte op de gemeente ôf, ûnder oaren saken út it lanlik regear wei, benammen op it mêd fan duorsumens en soarch.

Lês fierder

Bouwen en wenjen

It belied op it mêd fan wenjen is yn Fryslân (en dêrmei ek yn ús gemeente) fêstrûn. Dêr binne in soad oarsaken foar oan te wizen: de lege rinte, te min nijbou yn de krisis fan sa’n tsien jier lyn, efterôf te foarsichtige prognoazes fan de befolkingsgroei, de ferhierdersheffing dy’t soarge hat foar in tekoart oan ynvestearringsromte foar wenningkorporaasjes, de ferkeap fan hierwenningen.

Lês fierder

lepenbiere oarder en feiligens

Ûndermining troch kriminaliteit wurdt in hieltiten grutter probleem yn de mienskip. De gemeente moat hjir boppeop sitte.

Lês fierder

Bedriuwichheid en ekonomy

Ekonomy moat net liedend wêze foar it wolwêzen fan minsken, mar moat yn tsjinst stean fan harren wolwêzen. Dat besjut dat je foarsichtich wêze moatte mei it oanlûken fan oerlêstjaande bedriuwen.

Lês fierder

Wurk en ynkommen

Yn Nederlân wenje rûchwei 17 miljoen minsken, dêrfan kinne likernôch 10 miljoen wurk dwaan. Tagelyk is der mar foar likernôch 7 miljoen minskejierren  betelle wurk beskikber yn Nederlân.

Lês fierder

Ûnderwiis

De gemeente hat gjin ynfloed op de ynhâld fan it ûnderwiisprogramma. Mar der leit wol in taak as it giet om it befoarderjen fan it brûken fan it Frysk.

Lês fierder

Jongerein en jongereinhelpferliening

De lêste jierren is der in grut gat ûntstien tusken it jild dat de gemeente foar dizze taak krijt en wat der oan útjûn wurden is. Ek hjirby moatte wy der op ta dat it jild dat de gemeente fan it ryk krijt, taakstellend is, sûnder dat de ynhâld fan de soarch en helpferlienging der ûnder lije.

Lês fierder

Sûnens

De gemeente moat de rânebetingsten skeppe foar in sa heech mooglik wolwêzen foar de ynwenners. In hiele wichtige komponent fan dat wolwêzen is de sûnens.

Lês fierder

Finânsjes

De gemeentlike finânsjes binne de lêste jierren behoarlik ûnder druk kaam te stean. Wy moatte wer op in sûne gemeentlike begrutting ta. Net mear útjaan dan dat wy binnen krije en leafst ek noch in finansjele reserve opbouwe.

Lês fierder

Kommunikaasje

Foarop stiet dat de gemeente der is foar alle ynwenners. De gemeentlike kommunikaasje moat dan wol sa wêze dat alle ynwenners it begripe kinne.

Lês fierder

Enerzjytransysje

Ynternasjonaal binne der doelen steld omtrint it weromkringen fan de broeikasgassen. De gemeente hat dêryn in taak út te fieren. Der moat goed neitocht wurde oer yntegrale duorsumens.

Lês fierder

Mobiliteit

Wy ferplaatse ús meiinoar in hiel soad. Mei de fyts, auto, iepenbier ferfier en it fleantúch, en dat ûndanks de corona. Troch it nije regear wurdt ek de Lelyline wer op it programma set.

Lês fierder

Duorsume leefomjouwing

De gemeente moat by alle belied duorsumens as liedend begjinsel nimme. Dêr stiet de FNP folslein achter. De iepenbiere romte moat dan ek op dy wize ynrjochte wurde.

Lês fierder

Sport en kultuer

Sport en kultuer drage by oan it wolwêzen fan ús ynwenners. De leefberens yn de gemeente wurdt dertroch ferhege. Hja foarmje dêrom in wichtich ûnderdiel fan it gemeentlik belied.

Lês fierder

Gemeentlike lesten

It grutste part fan it jild dat de gemeente krijt, komt fan it ryk. Dêrnjonken hat de gemeente beheinde mooglikheden om ek sels heffingen op te lizzen oan de ynwenners. De ûnrepliksaakbelesting is hjirfan yn omfang de grutste.

Lês fierder

Smellingerlân

FNP-Smellingerlân

Skriuwer

Sijbren Sijtsma,
E: s.sijtsma@smallingerland.nl 
T: ‭(06) 50 52 27 56‬