Mobiliteit

Wy ferplaatse ús meiinoar in hiel soad. Mei de fyts, auto, iepenbier ferfier en it fleantúch, en dat ûndanks de corona. Troch it nije regear wurdt ek de Lelyline wer op it programma set.

De FNP is der foar dat Drachten oan it spoar komt. Mar net ten koste fan alles. De ynstek dy’t keazen is fan in Lelyline yn kombinaasje mei grutte wentebou (foar ús gemeente sa’n 11.000 wenten) liket op sjantaazje.

Wy wolle graach oan it spoar as dat wolwêzen tafoeget foar de ynwenners fan de gemeente. Dat sjogge wy as maatskiplik rendemint. Der meie bêst wol wat hûzen byboud wurde, mar dan wol nei aard en karakter fan de gemeente en net allinnich mar as oerrin fan de rânestêd. As dat de wichtichste ynstek is, wurdt dêrmei it wenferlet yn ús gemeente net echt oplost.


Dit fynt de FNP wichtich:

  • It soe moai wêze as Drachten oan it spoar kaam te lizzen, mar net ten koste fan alles. Wentebou yn relaasje mei it spoar nei aard en karakter fan de gemeente. In maatskiplike kosten- en batenanalyse is needsaaklik.
  • Ynsette op in robuust fytsnetwurk tusken de grutte plakken yn de omkriten.
  • Goed iepenbier ferfier yn de gemeente, ek yn de doarpen en wiken. Benammen op de ‘rêstige’ ferbiningen kreative oplossingen sykje.
  • It primaat fan de auto is net fanselssprekkend. By ynrjochting fan wenwiken de automobilist as ‘lêstige gast’ beskôgje, de iepenbiere rûmte weromjaan oan de ynwenners en harren bern!