Ûndermining troch kriminaliteit wurdt in hieltiten grutter probleem yn de mienskip. De gemeente moat hjir boppeop sitte.
Tagelyk nimt de problematyk fan drugs ek yn ús gemeente ta. Wy sille alles op alles sette moatte om preventyf maatregels te nimmen. De gemeente is net by steat om de drugs de gemeente út te krijen, mar kin wol in rol spylje yn it bieden fan perspektyf oan de jongerein.
Foarljochting moat hjir in grutte rol by spylje. De FNP stipet maatregels hjiromtrint.
Dit fynt de FNP wichtich:
- By it ynrjochtsjen fan de iepenbiere romte moat it feilichheidsgefoel meinommen wurde.
- By it meitsjen fan belied en fan regels heart boarging dat der ek op hanthavene wurde kin.