De lêste jierren is der in grut gat ûntstien tusken it jild dat de gemeente foar dizze taak krijt en wat der oan útjûn wurden is. Ek hjirby moatte wy der op ta dat it jild dat de gemeente fan it ryk krijt, taakstellend is, sûnder dat de ynhâld fan de soarch en helpferlienging der ûnder lije.
Dat betsjut dat besocht wurde moat om, yn de mande mei oare gemeenten, goed grip te krijen op it jild en dêrmei op de soarchoanbieders. De earste stappen dêryn binne al setten, en it setten fan ferfolchstappen moat foarrang krije.
Fierder is fan belang dat wannear’t jongeren help nedich ha, dy safolle mooglik yn de regio oanbean wurde kin.
Boppensteande is de finansjele kant fan it ferhaal. Der is fansels ek in ynhâldlike kant. De FNP wol dat der maksimaal ynsetten wurdt op it foarkommen fan soarch. Dat betsjut dat de jongerein perspektyf bearn wurde moat en dat bestjut wer dat problemen oan de foarkant signalearre wurde moatte. In goeie gearwurking mei benammen skoallen is hjirby needsaaklik.
Dit fynt de FNP wichtich:
- Besteande kontakten mei skoallen oer jongereinproblematyk en jongerein dy’t ekstra omtinken nedich hat, fierder útbouwe en seker net beheine.
- Yn de mande mei oare gemeenten mear grip krije op it jild dat foar soarch bedoeld is, mar dêr net oan bestege wurdt.
- Jongerein yn eigen regio helpe.
- Besykje de ryksjilden taakstellend wêze te litten.
- Omtinken jaan oan feiligens fan jongerein yn ynstellingen lykas de Woodbrookers.