Finânsjes

De gemeentlike finânsjes binne de lêste jierren behoarlik ûnder druk kaam te stean. Wy moatte wer op in sûne gemeentlike begrutting ta. Net mear útjaan dan dat wy binnen krije en leafst ek noch in finansjele reserve opbouwe.


 Dit fynt de FNP wichtich

  • Ynkomsten en útjeften minimaal moatte yn’t lykwicht wêze, leafst stadichoan wer in reserve opbouwe.
  • By ynfestearringen it ‘maatskiplik rendemint’ / wolwêzen meinimme, njonken aspekten fan duorsumens as it heljen fan de klimaatdoelen fan 2050.
  • By de delegearre taken, bygelyks yn it ramt fan it sosjaal domein, it jild dat it ryk der foar jout yn prinsipe taakstellend meitsje.