Enerzjytransysje

Ynternasjonaal binne der doelen steld omtrint it weromkringen fan de broeikasgassen. De gemeente hat dêryn in taak út te fieren. Der moat goed neitocht wurde oer yntegrale duorsumens.

Mei oare wurden: maatregels dy’t nommen wurde, moatte in duorsumensprobleem net fierder yn de tiid of yn de romte ferpleatse. Oplossingen moatte net op oare plakken of foar takomstige generaasjes nije problemen opleverje.

De gemeente kin de enerzjytransysje net allinnich útfiere, dat moat úteinliks troch de ynwenners en bedriuwen dien wurde. Om de enerzjy-transysje oan te jeien, soe de gemeente ien of meardere priisfragen mei substansjele bedragen útskriuwe kinne foar enerzjy-inisjativen út de mienskip. Yn oare gemeenten liket dit goed te wurkjen.


 

Dit fynt de FNP wichtich:

  • De doelstellingen foar 2030 en 2050 wurde helle.
  • Ferfolgje it paad dat ynsetten is mei faasje. Dat is in grutte opjefte: alle stappen dy’t setten wurde hifkje op yntegrale duorsemens.
  • Lytse wynmûnen mooglik meitsje en stimulearje.
  • Sinnepanielen benammen op dakken en oerhoeken yn de gemeente delsette. Sa min mooglik op lânbougrûn.
  • It rendemint fan duorsume enerzjy moat by foarkar by de ynwenners fan de gemeente telâne komme.
  • De gemeente stimulearret de ynwenners harren wenten te isolearjen.