De gemeente moat by alle belied duorsumens as liedend begjinsel nimme. Dêr stiet de FNP folslein achter. De iepenbiere romte moat dan ek op dy wize ynrjochte wurde.
Sykje nei nije mooglikheden om yn de iepenbiere romte enerzjy op te wekken. Wurkje oan bioferskaat yn de iepenbiere romte. En boppeal: foarsichtich mei nije techniken salang net dúdlik hokker effekt it ha op flora en fauna (bgl. 5G, mar ek gentechniek yn de lânbou).
De FNP is wiis mei it lânskip. Ús gemeente leit yn de Noardlike Fryske Wâlden op in snijpunt fan wetter en bosken. Krekt dat ferskaat oan lânskippen makket Smellingerlân sa bysûnder. Wy wolle dêr noed foar stean sûnder blyn te wêzen foar it ferlet oan romte foar wenten en de enerzjytransysje.
Hoewol’t de FNP him realisearret dat de gemeente net in grut foech hat op it mêd fan de lânbou, stypje wy de transysje nei in mear duorsume foarm fan lânbou sûnder pestisiden, genetyske modifikaasje ensafh.
Dit fynt de FNP wichtich:
- Enerzjy opwekke wer’t dat kin! (bgl oerkape parkearplakken mei sinnepanielen).
- By de ynrjochting fan de iepenbiere romte is duorsemens liedend.
- De gemeente docht in pilot mei plestik-konteners sadat it plestik net mear los oan de iepenbiere wei hoecht te lizzen.
- Oplaadpunten foar elektryske boaten oanlizze.