Bouwen en wenjen

It belied op it mêd fan wenjen is yn Fryslân (en dêrmei ek yn ús gemeente) fêstrûn. Dêr binne in soad oarsaken foar oan te wizen: de lege rinte, te min nijbou yn de krisis fan sa’n tsien jier lyn, efterôf te foarsichtige prognoazes fan de befolkingsgroei, de ferhierdersheffing dy’t soarge hat foar in tekoart oan ynvestearringsromte foar wenningkorporaasjes, de ferkeap fan hierwenningen.


Fraach en oanbod komme net mear by-inoar. Dêr binne ferskillende oarsaken foar:

  • Ynvestearders en twadde wente-eigners dy’t mei in soad oerwearde en goedkeap liend jild derfoar soargje dat jonge minsken net mear oan in hûs komme kinne.
  • It tanimmen fan it tal flechtlingen oer de hiele wrâld, wêrfan’t guon ek yn ús gemeente in plak krije moatte.
  • It oanbieden fan wengelegenheid oan tydlike wurkers yn ús bedriuwen.
  • Alderein, dy’t eins wol mei in lytsere wenning ta kin, mar graach yn de eigen mienskip bliuwe wol en foar wa’t in oergong nei dat lytsere hierappartemint finansjeel folle hegere kosten yn de moanne meibringt. De ‘wenningmerk’ docht foar tefolle minsken syn wurk net. 

De FNP wol dat de gemeente sels mear stjoer krijt op de wenromte foar syn ynwenners. Dat betsjut dat de FNP mei in tal konkrete maatregels komt. Dêrmei krijt de gemeente de romte om te soargjen dat bepaalde doelgroepen makliker oan in wenning komme kinne.

Frysk Startersmodel 

De FNP wol dat de oerheden wurk meitsje fan it troch har ûntwikkele Frysk startersmodel. De gemeente makket it starters dêrmei makliker om yn de eigen omjouwing in wenning te keapjen. Yn dit model pakt de gemeente de rol as húsfêster werom dy’t it yn it ferline kwytrekke is. 

De FNP wol ek dat de gemeente in húsfêstingsferoardering opstelt. Dêrmei kin de gemeente stjoere op doelgroepen en op it gebrûk fan wenningen. Der kin dan stjoerd wurde om de eigen ynwenners en dy út de regio foarrang te jaan.


Dit fynt de FNP wichtich:

  • Ûndersykje of wy in wenfergunning ynfiere kinne foar minksen dy’t in ekonomyske en/of sosjale bining hawwe mei de gemeente.
  • Ynsette op in by de fraach passend tal starterswenten.
  • Libbensrinbestendich bouwe.
  • Plak meitsje foar lytse wenten (tiny houses).
  • Sjen oft de mooglikheden binne foar in gemeentlik wenningbedriuw.
  • Mooglikheden ûndersykje om leechsteande gebouwen (winkels, kantoaren ensafuorthinne ) foar wenjen geskikt te meitsjen.
  • Ûnôfhinkelik ûndersyk útfiere nei wenteferlet yn de doarpen en dêr belied op meitsje.