Ekonomy moat net liedend wêze foar it wolwêzen fan minsken, mar moat yn tsjinst stean fan harren wolwêzen. Dat besjut dat je foarsichtich wêze moatte mei it oanlûken fan oerlêstjaande bedriuwen.
De gemeentlike ynfloed op de ekonomy is beheind. Wol kin de gemeente in fasilitearjende rol spylje. By it profilearjen fan Smellingerlân moat goed yn it each hâlden wurde dat de gemeente gjin bedriuw is mar dat it yn feite it kollektyf fan de ynwenners is. It is wichtich dat der mei omlizzende gemeenten gearwurke wurdt om te kommen ta in sterke ekonomyske regio.
Dit fynt de FNP wichtich:
- Ekonomy is net it liedend begjinsel, mar stiet yn tsjinst fan it wolwêzen fan de ynwenners.
- Gearwurkje mei omlizzende gemeenten om te kommen ta in ekonomysk sterke regio.
- Ynnovaasjekluster bliuwt wichtich mar tagelyk ek it midden en lytsbedriuw fasilitearje.
- As it even kin lokaal oanbesteegje.
- Besykje bedriuwen te binen dy’t lokaal ferankere binne yn de mienskip.
- Altiten sjen nei it maatskiplik rendemint by it oanlûken fan bedriuwen. Gjin ‘lege doazen’ lykas datasintra op industryterreinen tastean.
- No’t der hieltiten mear fia ynternet kocht wurdt, besykje de fysieke winkels yn Drachten safolle mooglik te konsintrearjen yn it sintrum.