Gemeentebelied kin net los sjoen wurde fan it belied fan oare oerheden, yn Ljouwert, Den Haach, mar ek yn Brussel. Dochs is it ferstandige polityk dat in gemeentebestjoer besiket om ta in belied te kommen dat basearre is op eigen ôfwagings.
Gemeentebelied kin net los sjoen wurde fan it belied fan oare oerheden, yn Ljouwert, Den Haach, mar ek yn Brussel. Dochs is it ferstandige polityk dat in gemeentebestjoer besiket om ta in belied te kommen dat basearre is op eigen ôfwagings.
Smellingerlân is in moaie gemeente mei in soad mooglikheden. Tagelyk komt der ek in protte op de gemeente ôf, ûnder oaren saken út it lanlik regear wei, benammen op it mêd fan duorsumens en soarch.
It belied op it mêd fan wenjen is yn Fryslân (en dêrmei ek yn ús gemeente) fêstrûn. Dêr binne in soad oarsaken foar oan te wizen: de lege rinte, te min nijbou yn de krisis fan sa’n tsien jier lyn, efterôf te foarsichtige prognoazes fan de befolkingsgroei, de ferhierdersheffing dy’t soarge hat foar in tekoart oan ynvestearringsromte foar wenningkorporaasjes, de ferkeap fan hierwenningen.
Ûndermining troch kriminaliteit wurdt in hieltiten grutter probleem yn de mienskip. De gemeente moat hjir boppeop sitte.
Ekonomy moat net liedend wêze foar it wolwêzen fan minsken, mar moat yn tsjinst stean fan harren wolwêzen. Dat besjut dat je foarsichtich wêze moatte mei it oanlûken fan oerlêstjaande bedriuwen.
Yn Nederlân wenje rûchwei 17 miljoen minsken, dêrfan kinne likernôch 10 miljoen wurk dwaan. Tagelyk is der mar foar likernôch 7 miljoen minskejierren betelle wurk beskikber yn Nederlân.
De gemeente hat gjin ynfloed op de ynhâld fan it ûnderwiisprogramma. Mar der leit wol in taak as it giet om it befoarderjen fan it brûken fan it Frysk.
De lêste jierren is der in grut gat ûntstien tusken it jild dat de gemeente foar dizze taak krijt en wat der oan útjûn wurden is. Ek hjirby moatte wy der op ta dat it jild dat de gemeente fan it ryk krijt, taakstellend is, sûnder dat de ynhâld fan de soarch en helpferlienging der ûnder lije.
De gemeente moat de rânebetingsten skeppe foar in sa heech mooglik wolwêzen foar de ynwenners. In hiele wichtige komponent fan dat wolwêzen is de sûnens.
De gemeentlike finânsjes binne de lêste jierren behoarlik ûnder druk kaam te stean. Wy moatte wer op in sûne gemeentlike begrutting ta. Net mear útjaan dan dat wy binnen krije en leafst ek noch in finansjele reserve opbouwe.
Foarop stiet dat de gemeente der is foar alle ynwenners. De gemeentlike kommunikaasje moat dan wol sa wêze dat alle ynwenners it begripe kinne.
Ynternasjonaal binne der doelen steld omtrint it weromkringen fan de broeikasgassen. De gemeente hat dêryn in taak út te fieren. Der moat goed neitocht wurde oer yntegrale duorsumens.
Wy ferplaatse ús meiinoar in hiel soad. Mei de fyts, auto, iepenbier ferfier en it fleantúch, en dat ûndanks de corona. Troch it nije regear wurdt ek de Lelyline wer op it programma set.
De gemeente moat by alle belied duorsumens as liedend begjinsel nimme. Dêr stiet de FNP folslein achter. De iepenbiere romte moat dan ek op dy wize ynrjochte wurde.
Sport en kultuer drage by oan it wolwêzen fan ús ynwenners. De leefberens yn de gemeente wurdt dertroch ferhege. Hja foarmje dêrom in wichtich ûnderdiel fan it gemeentlik belied.
It grutste part fan it jild dat de gemeente krijt, komt fan it ryk. Dêrnjonken hat de gemeente beheinde mooglikheden om ek sels heffingen op te lizzen oan de ynwenners. De ûnrepliksaakbelesting is hjirfan yn omfang de grutste.