FNP Smellingerlân

Gemeentebelied kin net los sjoen wurde fan it belied fan oare oerheden, yn Ljouwert en Den Haag, mar ek yn Brussel. Sa leit ús wrâld der hjoed de dei hinne. Dochs is it in goede polityk dat in gemeentebestjoer safolle mooglik besiket om ta in belied te kommen, basearre op eigen ôfwagings. De FNP realisearret him, dat soks, as de kniper op ’e skine komt, botse kin mei de belangen fan de oare oerheden, mar achtet dat yn oerienstimming mei de eigen begjinsels. Dy begjinsels binne dy fan it federalisme. Yn gewoane taal sein: it foech heart dêr, wêr’t it it bêste en it rjochtfeardichste tapast wurde kin.

By ús politike hanneljen steane sân kearnwearden sintraal:

  • Demokrasy: De FNP fynt dat de oerheid tsjinstber is oan it folk. Minsken moatte safolle mooglik behelle wurde by it iepenbier bestjoer.
  • Federalisme: De FNP stiet in steatsynrjochting foar dy’t minsken en lokale mienskippen it foech en de middels jout om de eigen libbensromte safolle mooglik sels stal te jaan. De FNP wol mear foech nei de provinsjes, sterkere provinsjale bestjoeren en dêrtroch in sterker Fryslân.
  • Ynternasjonalisme: De FNP siket om wat minsken bynt en sjocht de wrâld as in federaasje fan mienskippen. Minskerjochten en respekt foar oare kultueren en libbensoertsjûgingen steane dêrby sintraal.
  • Taal en kultuer: Taal en kultuer drage tige by oan in sterkere identiteit en dêrmei oan it wolwêzen fan minsken. De FNP wol de Fryske identiteit fersterkje en stiet dêrom noed foar de Fryske taal en kultuer. De FNP makket him sterk foar in Fryslân, dêr’t ek oare talen en kultueren respektearre, praktisearre en wurdearre wurde.
  • Undernimmerssin: De FNP wol eigen inisjatyf, kreativiteit, ferantwurdlikens en ûndernimmersskip de romte jaan, dat minsken en mienskippen by steat binne har optimaal te ûntwikkeljen. Dêrby moat sosjale rjochtfeardigens net út it each ferlern wurde.
  • Solidariteit: De FNP is in mienskipspartij. Foar it behâld fan de solidariteit moatte begryp en respekt fan wjerskanten tusken earm en ryk, jong en âld, sûn en siik behâlden en fersterke wurde, dat nimmen oan de kant komt te stean.
  • Duorsumens: De FNP wol in duorsume wrâld neilitte oan de kommende generaasjes. Yn stee fan potfertarren fan grûnstoffen siket de FNP nei ekonomyske besteansfoarmen dy't in better lykwicht garandearje tusken konsumearjen en konservearjen.

FNP-Smellngerlân wol in partij wêze dy't opkomt foar de belangen fan de ynwenners fan de gemeente Smellingerlân. Dat betsjut automatysk ek, dat wy derfoar kieze om sa goed mooglik de belangen fan ús ynwenners foar eagen te hâlden, mar it hâldt net yn, dat wy ús gemeente isolearje wolle fan wat der om ús hinne bart. Wol fine wy dat it net past dat in gemeentebestjoer útspraken docht oer de winsklikheid om mei oare gemeenten yn ien gemeente op te gean.

Gemeentlike weryndieling kin allinne plakhawwe op grûn fan de winsk fan de ynwenners fan ús gemeente (fan ûnderen op).