Ferkiezingsprogramma

Lânbou

Yn de dochs wol stêdlike mienskip dy't Nederlân oan it wurden is, giet it kontakt tusken de boarger en de produksje fan syn iten fierhinne ferlern. Sawol foar de mienskip as foar boerebedriuwen leveret dat kontakt lykwols mearwearde op.

Dy mearwearde kin derfoar soargje dat dêrtroch it plattelân leefberder bliuwt. Wannear't boerebedriuwen leech komme te stean, dan is it fan belang dat yn dy pleatsen oare bedriuwichheid mooglik is - foar safier't dat past yn it lânskip.

De FNP stribbet in GMO-frije gemeente (GMO stiet foar Genetysk Modifisearre Organismen) nei, foarsafier't it de lânbou en dêrmei ús iten oanbelanget. Fan it GMO-frijwêzen giet in sinjaal út nei de hiele mienskip, dat meitsje kin dat it eventuele draachflak foar gentechprodukten ôfnimt.

Bio-yndustry (of fee-yndustry) past net yn it byld dat de FNP hat fan it lânskip fan Smellingerlân, likemin as megabedriuwen. De skaal fan bedriuwen moat passe yn it lânskip.

Dêr't dat mooglik is, soe de gemeente ek de boerebedriuwen stimulearje moatte om it bioferskaat te fergrutsjen.