Ferkiezingsprogramma

It bûtengebiet

It plattelân leveret in oantal saken dêr't de moderne minske eins net sûnder kin. As wichtichste fansels it iten, mar ek de mooglikheid om yn de bûtenloft te ûntspannen of te rekrearjen.

Beide funksjes binne wichtich en hâlde yn, dat wy hoeden mei it bûtengebiet omgean moatte.

Dêr't dat mooglik is, moat de gemeente him ynsette foar it fergrutsjen fan it bioferskaat (bgl. yn de berms fan diken, mar ek troch bewustwurdingskampanjes) en it behâld fan karakteristike lânskipseleminten.