Ferkiezingsprogramma

Doarpen

Doarpen dêr't minsken warber wêze kinne en dêr't foarsjennings binne, binne ûnmisber foar in sûne gemeente en foar in goed wolwêzen fan syn ynwenners. Yn gearwurking mei de doarpen moat der sjoen wurde op hokfoar wize oft doarpen leefber bliuwe kinne.

Om de foarsjennings te behâlden, sil der stribbe wurde moatte nei in organyske groei fan de doarpen. Doarpen dy't troch it ynskeakeljen fan ferienings en fan 'Doarpsbelang' komme wolle ta in foarm fan selsbehear, moatte dy kâns krije. Selsbehear moat stimulearre, mar net fan boppen ôf oplein wurde.

De FNP soe by wize fan proef it doarpsselsbehear wol in kâns jaan wolle as dêr by de doarpen animo foar is. Doarpen hearre in goede oansluting op it iepenbier ferfier te hawwen. By plannen fan de gemeente moat de doarpsfyzje - as dy der is - it útgongspunt wêze.

No't wenningboukorporaasje net mear yn doarpen bouwe wolle, moatte der oare wegen socht en fûn wurde. As doarpen sels mei plannen komme foar de bou fan nije wenten, dan moat de gemeente dat safolle mooglik fasilitearje. Yn it wentebouplan sil dêr omtinken foar wêze moatte.

De FNP is fan betinken dat by it oanlizzen fan glêsfezel yn de saneamde 'wite' gebieten de doarpen tagelyk ek op glêsfezel oansletten wurde moatte. De gemeente moat him derfoar ynspanne dat soks ek dien wurdt.