Ferkiezingsprogramma

Ûnderwiis

Smellingerlân en yn it bysûnder Drachten hat wat skoallen oanbelanget in grutte regiofunksje. De gebouwen fan it fuortset ûnderwiis binne ynoarder of komme meikoarten klear.

Foar it basisûnderwiis falle der noch wol in stikmannich saken te winskjen op mêd fan húsfêsting.

De FNP hat wol grutte soargen oer it plak fan it Frysk yn it ûnderwiis. De gemeente soe aktyf de trijetalige skoallen (Frysk, Nederlânsk en Ingelsk) stimulearje moatte, sawol yn it basisûnderwiis as yn it fuortset ûnderwiis en it middelber beropsûnderwiis.

Twatalige boartersplakken en berne-opfang moatte stimulearre wurde no't wittenskiplik ûndersyk hieltiten mar útwiist dat in twatalige opfieding fan jongs ôf positive gefolgen hat foar de (taal-)ûntwikkeling fan in bern. As der op boartesplakken toetsen of testen ôfnommen wurde, moat dat yn de memmetaal fan dy bern barre.

Bern moatte sa ticht mooglik by hûs nei skoalle kinne. Foar de doarpen betsjut soks, dat in libbensfetbere basisskoalle yn it doarp it útgongspunt yn it gemeentlik belied wêze moat.