Ferkiezingsprogramma

Sport

Sport is maatskiplik sjoen in wichtige saak. Oan de ien kant is der topsport, oan de oare kant de rekreaasjesport. De FNP is fan betinken dat yn Smellingerlân de klam lein wurde moat op de breedtesport.

Safolle mooglik minsken stimulearje om oan sport te dwaan, benammen ek de jongerein. De gemeente besiket ek om oare doelgroepen goed yn byld te krijen.

Tagelyk kin sport ek bydrage oan in sûnere mienskip. De gemeente moat yn nau kontakt mei alle sportferienings it ferlet en mooglikheden opinoar ôfstimme.

Minsken mei in leech ynkommen (oant 125% fan it sosjale minimum) moatte ek de mooglikheden hawwe om oan sportaktiviteiten dielnimme te kinnen.