Ferkiezingsprogramma

Kultuer

Smellingerlân - en dan benammen Drachten - hat op it mêd fan kultuer oan de iene kant in regiofunksje (tink bygelyks oan de Meldij/Lawei), mar oan de oare kant is ek de ûntjouwing fan de 'lytse' kultuer yn doarp en wyk fan belang.

Yn it kultuerbelied soe mear omtinken komme moatte foar it twatalige fan ús mienskip en dus foar it Frysk; it soe dêr in yntegraal ûnderdiel fan útmeitsje moatte. By de fierdere útwurking fan it nije taalbelied sil de FNP him dêr sterk foar meitsje.

De gemeente moat besykje om in eventueel posityf effekt fan 'Ljouwert-Fryslân 2018 Kulturele Haadstêd' te behâlden en fierder te fersterkjen.

Der moat mear omtinken komme foar gebouwen út de opbouperioade fan nei de Twadde Wrâldoarloch. Ek gebouwen út eardere perioaden lykas it Dunlopgebou oan it Mûnein binne it bewarjen wurdich. Kulturele aktiviteiten lykas 'Simmerdeis' moatte fergees bliuwe.

Yn de prestaasjeôfspraken dy't de gemeente makket mei kulturele ynstellings, moat ek omtinken wêze foar it brûken fan it Frysk.