Ferkiezingsprogramma

Ferkear en ferfier

Útgongspunt fan it ferkearsbelied yn Smellingerlân moat wêze dat de iepenbiere romte fan eltsenien is. De auto hat net automatysk it monopoalje, mar is min ofte mear ûnderhearrich oan de oare funksjes fan de iepenbiere romte, ôfhinklik fan it plak: yn wenwiken en op de grutte wegen.

Yn Drachten binne skoallen dêr't ek in protte bern fan bûten Drachten hinne geane. Dy moatte op in feilige manier op 'e fyts by skoalle komme kinne, safolle mooglik oer kwalitatyf goede fytspaden.

It ferbetterjen fan de oansluting op it lanlike iepenbiere ferfiernetwurk is foar de FNP wichtich. Alle doarpen yn Smellingerlân moatte berikber wêze troch in goede foarsjenning. De gemeente moat dêr hieltiten boppe-op sitte.

Yn it fan belang fan de ferkearsfeiligens moat der genôch kontrolearre wurde op snelheid, mar bygelyks ek op ferljochting. By de ferljochting fan wegen moat dy safolle mooglik ôfstimd wêze op de ferkearsyntinsiteit. As der gjin ferkear is, hoecht der ek gjin ferljochting te wêzen (de saneamde 'folgjende' ferljochting). As der ferljochting oanlein wurde moat, dan sil der keazen wurde moatte foar in sa enerzjysunich mooglike ferljochting, bygelyks mei LED-lampen. By it ferminderjen fan ferljochting moat der ek rekken holden wurde mei it feilichheidsgefoel fan de minsken.

De gemeente moat him ek tariede op de nije mobiliteit mei elektrysk ferfier. Der sille genôch oplaadpunten yn de gemeente komme moatte en de gemeente moat dat mei sa min mooglik regels fasilitearje.

De gemeente sil by it oanpakken fan de ynfrastruktuer út duorsumensperspektyf wei tinke moatte. By lytse ôfstannen moat de foarkar jûn wurde oan it fasilitearjen fan de fyts, dan kin it iepenbier ferfier befoardere wurde en dêrnei is der omtinken foar de auto.

Ek foar de doarpen moat it iepenbier ferfier goed te berikken wêze. Fan De Rottefalle ôf soe der in goede, rjochtstreekse fytsoansluting op it transfearium by Nijtap komme moatte.

Yn ús gemeente steane gjin ferkearsljochten mear, behalven op de krusing fan de Gauke Boelenstrjitte en de Suderhegewei. De FNP is fan betinken dat dy ljochten ek sa gau mooglik ferongen wurden moatte troch in feilich alternatyf sûnder ferkearsljochten.

Troch de útwreiding mei nije wiken oan de westkant fan Drachten is der in protte (slûp)ferkear troch Boarnburgum fan Drachten nei de A7. De FNP tinkt dat der sjoen wurde moat nei in oplossing foar dat probleem.