Ferkiezingsprogramma

Folkshúsfesting

Alle ynwenners hawwe rjocht op in geunstich wenklimaat. Dêrom is it fan belang dat de wentebou yn lykwicht bliuwt met it ferlet oan wenten. Útwreidingsplannen binne yn it foarste plak bedoeld foar en ôfstimd op it ferlet fan de ynwenners fan ús gemeente.

It ferlet oan wenten moat alle jierren aktualisearre en yn it wenplan ferwurke wurde. Omdat it ferlet yn de tiid feroarje kin, moat der by nijbou safolle mooglik libbensrinbestindich boud wurde.

Der sil belied makke wurde moatte foar it feroarjende soarchferlet yn de mienskip, benammen troch it sluten fan âldereintehuzen, sawol op it mêd fan soarch as op it mêd fan it wenjen. Lytsskalige, desintrale alternativen om yn it soarchferlet op dat mêd te foarsjen, moatte troch de gemeente safolle mooglik fasilitearre wurde.

Wenteboukorporaasjes hawwe in grutte ferantwurdlikheid foar sosjale wentebou om't de fraach dêrnei de kommende jierren allinne mar tanimme sil. It gemeentebestjoer moat dêr tige wach foar wêze. Omdat de korporaasjes net mear yn de doarpen bouwe wolle, moat de gemeente partikulieren of groepen fan bewenners út de doarpen dy't yn en foar it doarp bouwe wolle, safolle mooglik stypje.

De ferhierdersheffing dy't de lanlike oerheid oan korporaasjes oplein hat, stiet ynvestearrings troch wenningkorporaasjes foar in grut part yn 'e wei. Dat is tige spitich, want de FNP fynt dat der krekt mear hierwenten nedich binne, foar in brede doelgroep. Mocht de ferhierdersheffing fan 'e tafel helle wurde of ferlege wurde troch it Ryk - dy kâns is oanwêzich - dan meie de korporaasjes derop ferge wurde dat se mear ynvestearje yn harren wenningbestân.

De FNP is fan betinken dat by de sosjale wentebou de foarkar benammen jûn wurde moat oan wenten ûnder de hiertaslachgrins.

By wykfernijings moat neffens de FNP renovaasje de foarkar krije boppe sloop en nijbou. Der moat hoeden omgien wurde mei de sosjaal-maatskiplike struktuer yn de wiken dy't opknapt wurde. Fanselssprekkend hearre bewenners in grutte ynspraak te hawwen by it renovearjen fan hierwenten en moat der besocht wurde om de mienskip yn de wiken safolle mooglik yn stân te hâlden.

Starterswenten moatte finansjeel berikber bliuwe foar dy groepen dêr't se foar ornearre binne.

De gemeente sil ek alle war dwaan moatte om it enerzjyneutraal meitsjen fan besteande wenten mooglik te meitsjen. Op it mêd fan de regeljouwing moatte der gjin apen en bearen op dat paad lizze of komme te lizzen. Dêr't dat mooglik is, stimulearret de gemeente it goed isolearjen fan wenten en dan benammen ek de eigen wenten.

De gemeente soarget foar in fysyk enerzjyloket dêr't ynwenners ûnôfhinklik en saakkundich advys krije kinne oer enerzjyfragen en hja paadwiis makke wurde yn it subsydzjedoalhôf.