Ferkiezingsprogramma

Romtlike oardering

Utgongspunt fan belied op de romtlike oardering moat wêze, dat it úteinlik bydraacht oan in better wolwêzen fan de befolking. Dêrby sil rekken holden wurde moatte mei de leefberens en de libbenstier fan 'e mienskippen en it eigen aard fan it lânskip en it natuerlik fermidden.

Drachten mei net oan de omlizzende doarpen fêstgroeie, mar der moat in buffer bliuwe.

By it meitsjen fan útwreidingsplannen moat de kwaliteit fan de grûn, as boarne fan ús wêzen, meiwoegen wurde. Ek moat der sjoen wurde nei it renovearjen of ferfangen fan net brûkte romten op besteande yndustryterreinen.

Yn de romtlike oardering sil ek omtinken wêze moatte foar de opjefte dy't ús yn it ramt fan it klimaatakkoart fan Parys te wachtsjen stiet. By romtlike plannen sil benammen ek swier meiwage moatte hoe't dy plannen bydrage oan it realisearjen fan de klimaatdoelstellings. Mooglik moatte der konsesjes dien wurde oan de romtlike kwaliteit om de klimaatdoelen te heljen.

By it ynfieren fan de nije omjouwingswet moat de gemeente ynsette op in sa grut mooglik gemeentlik foech, benammen op it mêd fan wolwêzen en sûnens. De omjouwingswet jout dêr romte foar, dy't brûkt wurde moat.