Ferkiezingsprogramma

Finânsjes

De FNP stiet in hoeden finansjeel belied foar. Eltse euro kin mar ien kear útjûn wurde en dêrom moat eltse euro dy't útjûn wurdt, in sa grut mooglik maatskiplik rendemint hawwe 

By alle ynvestearrings dy't de gemeente docht, moat de folgjende ôfwaging makke wurde:

  • Jout it jild dat ynvestearre wurdt, genôch maatskiplik rendemint? In wichtich ûnderdiel fan it maatskiplike rendemint dat wy op it each hawwe, is dat klimaatdoelen realissearre wurde moatte. Dêr moatte struktureel jilden foar frijmakke wurde;
  • Draacht it by oan it berikken fan it byld dat yn de yntegrale takomstfyzje delset is?
  • Giet it wolwêzen fan de ynwenners fan Smellingerlân omheech?
  • It riedsûndersyk nei de gong fan saken by de fernijbou fan de Lawei moat lessen foar de takomst opleverje dy't troch de gemeente goed neifolge wurde moatte, sadat der by de bou fan in nij swimbad net deselde soarte flaters makke wurde kinne.

De gemeente mei net oan ynkommenspolityk dwaan, mar yntusken signalearret de FNP wol dat al mear as 20 jier de finansjele posysje fan minima en minsken mei in minimumlean troch ferskate Haachske maatregels minder wurden is. De gemeente besiket troch it earmoedebelied minsken mei sa min mooglik regels en burokrasy te helpen.