Ferkiezingsprogramma

Ekonomy en wurk

Yn it hjoeddeiske tinken wurdt de ekonomy faak besjoen as eat dat as in selsstannige ienheid bestiet, wylst dat net sa is. Ekonomy is in gefolch fan minsklik hanneljen, in beskriuwing fan wat minsken dogge mei guod en hoe't dat útdrukt wurdt yn jild.

It mei dan ek nea sa wurde, dat de minsken ûnderhearrich makke wurde oan de ekonomy.

Út dat útgongspunt wei sjocht de FNP nei it ekonomysk belied yn de gemeente. In belied, dat net makke wurdt fanwegen de ekonomy, mar om it wolwêzen fan de ynwenners te fergrutsjen.

De gemeenterie hat in gearwurkingsaginda mei de provinsje ôfpraat. As de projekten dêrút oan 'e oarder komme, moat op dat stuit op 'en nij in ôfwaging makke wurde oangeande de fraach oft de projekten noch altiten wol foldwaande maatskiplik rendemint hawwe. Dat jildt benammen ek foar de ferkearsprojekten.

De FNP set fraachtekens by de skealike kanten fan ekonomyske groei. Foar de FNP betsjut it boppesteande, dat:

  • Der by it stimulearjen fan wurkgelegenheid stribbe wurdt nei in goede ferankering yn de mienskip. Faak sil dat betsjutte dat de foarkar jûn wurde moat oan in ferskaat fan lytsskalige bedriuwen en bedriuwkes dy't wurkje mei lokale minsken. Mar ek foar grutte bedriuwen moat der plak wêze. It beropsûnderwiis yn Smellingerlân moat dêr ek safolle mooglik op oanslute;
  • Der in nije farwei nei de haven fan Drachten komt foar skippen út kategory 5;
  • Grûn kostber is. Mar grûn hat ek it fermogen om der planten op waaksje te litten en om koaldiokside te binen. Ús mienskip kin allinne bestean by de graasje fan de boaiem dêr't er op libbet: it measte dat wy ite komt út of waakset op 'e grûn (it oare komt út 'e loft en it wetter). Dat jout in ferantwurdlikheid oan de mienskip om hoeden mei de grûn om te gean. It rekket ek oan de kearnwearde 'duorsumens'. Dêrom moat der behâldend omgien wurde mei it brûken fan grûn foar wegen, yndustryterreinen en wentebou. By plannen moat de kwaliteit fan de grûn as boarne fan ús iten folslein meiwoegen wurde;
  • Miljeufreonlike en duorsume bedriuwichheid safolle mooglik stimulearre en/of fasilitearre wurde moat yn alle sektoaren fan de ekonomy ynklusyf de lânbou. De gemeentlike organisaasje moat dêr sels yn foarop rinne troch in maksimaal duorsumensbelied yn de eigen organisaasje. Troch duorsumens wurdt it net djoerder, allinne wurde de kosten fuortendaliks betelle en wurde dy net trochskood nei kommende generaasjes;
  • Dêr't dat mooglik is, de gemeente it lokale bedriuwslibben yn oanmerking komme lit as der wurk útbestege wurde moat;
  • It foar de mienskip wichtich is dat der dagen binne dêr't safolle mooglik minsken tagelyk frij op hawwe; dat de ekonomy efkes net foaroan stiet. Op it stuit is dat faak sneins. Wy sjogge dat der in hieltiten fierdergeande trend is nei de 24-oere- ekonomy. Wy kinne dat as gemeente net keare. Mei it boppesteande yn de efterholle, is de FNP net tsjin winkelsluting op snein.