Ferkiezingsprogramma

Feiligens

Binnen de mooglikheden en it foech fan de gemeente, moat der alles oan dien wurde om ús gemeente ta in feilige gemeente te meitsjen en te hâlden. Dêrby tinke wy dat it wichtich is dat de foldwaande tafersjoch is yn wiken en doarpen.

Wy kenne grutte wearde ta oan de wykplysje dy't goed op 'e hichte is fan wat der spilet yn syn/har wyk of doarp en dy't de minsken ken: tafersjoch neffens minsklike mjitte.

In oar aspekt fan feiligens binne de helptsjinsten lykas de brânwacht. De gemeente moat noed stean foar de ferbining fan dy tsjinsten mei de gemeente. Troch hieltiten fierdergeande opskaling fan dy tsjinsten kin dat wolris wat yn 'e knipe komme. Yn de hiele gemeente moatte akseptabele oanrydtiden fan de helptsjinsten realisearre wurde kinne dy't foldogge oan de noarmen dy't dêrfoar steane.