Ferkiezingsprogramma

Wolwêzen

Gemeentepolitisy binne keazen troch de ynwenners fan de gemeente. Neffens de fyzje fan de FNP moat it gemeentebestjoer him ynsette foar in sa grut mooglik wolwêzen fan de ynwenners fan de gemeente.

Soks wol mei it rânebetingst dat it ferlet fan no net op kosten gean mei fan it ferlet fan de takomstige generaasjes (it duorsumensprinsipe).

Alle beliedsfjilden (sosjaal domein, ekonomy, kultuer, taal, romtlike oardering, ûnderwiis ensafuorthinne) drage by oan of binne ûnderdiel fan it wolwêzen fan minsken yn ús gemeente.

Wolwêzensbelied hat ek sterk te krijen mei earmoedebelied. Troch alle regeljouwing yn it ramt fan de 'Partisipaasjewet', wurdt der in te grutte druk lein op minsken dy't in gjin wurk hawwe en foar in útkearing in oanmerking komme. Foar in grut part wurdt dy druk troch De Haach oplein, mar dêr't de gemeente sels wat dwaan kin, moat dy druk weinommen wurde. Wurkje op basis fan betrouwen en de mooglikheden dy't de minsken hawwe, moatte dêr útgongspunt by wêze. Wy wolle ta nei in sa regelearm mooglik útkearingsbelied.

Reyntegraasje fan minsken sûnder wurk of minsken mei in beheining moat plakfine op basis fan passend wurk en it moat de minsken in takomstperspektyf jaan. It reyntegraasjebelied moat dúdlik mjitbere doelen hawwe, dêr't it wolwêzen fan de doelgroep swier yn meiweaget.

Troch ûnder oare de fierdergeande robotisearring, sille der ek op langere termyn te min folweardige banen wêze yn ferhâlding ta it tal minsken dat dy banen hawwe kinne soene. In basisynkommen sil soargje moatte foar in oare wurkferdieling en in oare wurkwurdearring en sil úteinlik bydrage oan in better wolwêzen. Foar de langere termyn moat de gemeente by de lanlike oerheid ynsette op it ynfieren fan in algemien basisynkommen of farianten dêrop lykas in negative ynkomstebelesting.

Yn it wolwêzenswurk is de taal dy't men de minsken mei oansprekt, in wichtige faktor. Dêrom fynt de FNP dat minsken dy't wolwêzenswurk dogge, it Frysk behearskje moatte. Yn de útwurking fan it inisjatyfútstel fan de FNP dat yn oktober 2017 omset is yn in prosesnotysje, sil dêr omtinken foar wêze moatte.