Ferkiezingsprogramma

It gemeentebestjoer

Útgongspunt by it bestjoeren fan de gemeente moat wêze dat de gemeente fan ús allegearre is. En omdat wy net mei ús allen de gemeente bestjoere kinne, hawwe wy dêr in oantal bestjoerders foar keazen.

It bestjoer is der foar de ynwenners en net oarsom.

Konkreet betsjut dit, dat:

  • de kommunikaasje tusken it bestjoer fan de gemeente en ynwenners helder en transparant wêze moat. It is no noch te faak sa, dat yn de kommunikaasje tusken gemeentebestjoer en ynwenners ferwachtings oproppen wurde dy't by eintsjebeslút net neikaam wurde kinne. Wy pleitsje derfoar dat by wichtiche beslissings de boargers fan it earste begjin ôf troch de gemeente belútsen wurde by de plannen, want dan is harren ynfloed it grutst. Boargers yn in letter stadium ynspraak jaan yn in trajekt betsjut gauris dat harren ynfloed minder is en dat jout dan al gau foer oan de idee dat 'de gemeente dochs docht wat er sels yn 'e holle hat';
  • de gemeentlike ynspraak serieus nimme moat;
  • de taal dêr't de it gemeentebestjoer yn kommunisearret, de taal fan de ynwenner(s) is. Foar Smellingerlân, as twatalige gemeente, betsjut soks dat ek it Frysk in folweardich plak yn de gemeentlike kommunikaasje krije moat. De FNP stribbet in taalbelied nei dat de gemeente it imago jout fan in selsbewuste twatalige mienskip. Dat betsjut automatysk ek, dat bestjoerders en amtners harren yn beide talen goed rêde kinne moatte, sawol mûnling as skriftlik. Der sil genôch enerzjy stutsen wurde moatte yn it útfieren fan in nij taalbelied;
  • de gemeente foar de boarger maklik berikber wêze moat;
  • it bestjoersprogramma en it beliedsplan dúdlik mjitbere doelen hawwe moatte neffens it trije-w-prinsipe (wat is it doel, wat kostet it en wannear is it klear). Allinne dan kin de gemeenteried syn kontrolearjende taak goed útfiere.

It is foar ynteresearre ynwenners in hiele toer om sicht te krijen en te hâlden op hoe't it der yn de gemeenteried om en ta giet. Nei eltse riedsgearkomste moat der yn 'Breeduit' in dúdlik oersjoch fan komme mei in gearfetting fan de saken dêr't in beslút oer nommen is, mei dêrby it stimgedrach fan de ferskillende partijen.