Ferkiezingsprogramma

FNP yn Smellingerlân

Op inisjatyf fan de FNP is yn 2012 yn de takomstfyzje fan de gemeente in haadstik opnommen oer hoe't wy graach wolle dat de gemeente der yn 2035 útsjocht.

Dy gemeente moat in duorsume ('cradle to cradle', widze ta widze), sosjale gemeente wêze dêr't it goed wenjen, wurkjen en rekreëarjen is en dêr't it wolwêzen fan minsken sintraal stiet.

De FNP fis fan betinken dat wy ta moatte op in ekonomy dêr't ek de net op jild te setten faktoaren (miljeu, geastlik wolwêzen, ensfh.) meiwoegen wurde moatte. Wy sjogge de ekonomy net as in doel op himsels, mar as in gefolch fan it minsklik hanneljen.

De FNP hifket it belied fan no oan it takomstbyld yn dizze fyzje. Foar de kommende fjouwer jier betsjut dat, dat wy stappen en stapkes sette wolle yn de rjochting fan dat takomstbyld. By de beslissings dy't wy nimme, hâlde wy sadwaande dat takomstbyld as rjochtline oan.

Op it punt fan duorsumens slút de fyzje fan de gemeente goed oan op it 'Klimaatakkoart' fan Parys. Ek de gemeente sil him de kommende jierren tige ynspanne moatte foar it klimaat.

FNP-Smellingerlân stelt de belangen fan de ynwenners fan de gemeente sintraal. It docht bliken dat de skaalgrutte fan de hjoeddeiske gemeente Smellingerlân goed past by de minsken dy't dêr wenje. Dêr past net by dat wy útspraken dogge oer (parten fan) oare gemeenten dy't wy derby hawwe wolle soene. Gemeentlike weryndieling moat altiten fan ûnderen op komme en net fan boppen ôf oplein wurde.
De lêste jierren is der in soad feroare yn gemeentelân. Yn it sosjaal domein is gâns feroare en hat de gemeente der in protte taken en jild by krige. De kommende jierren moatte de puntsjes op de i setten wurde. Benammen oangeande de jongereinsoarch moatte de kommende perioade noch stappen set wurde.

Tagelyk sjogge wy ek in ûntjouwing dat der struktureel net genôch banen binne foar fan it tal minsken dat dy banen ynfolje kinne soene. Fan de minsken dy't 'oerbliuwe', konstatearje wy dat dy oantaast wurde yn harren wolwêzen troch de wize wêrop't se behannele wurde om in útkearing te krijen en de troch de manier wêrop't de mienskip oansjocht tsjin minsken sûnder betelle wurk.

Tagelyk sjogge wy ek dat der minsken binne dy't wol in baan hawwe, mar dy't net lokkich binne mei it wurk dat se dogge. Troch de finansjele ferplichtings dy't hja hawwe, kinne se gauris gjin kant mear út.

It fermindere wolwêzen sjogge wy as in grut probleem foar de kommende jierren. Yn it haadstik 'Wolwêzen' komme wy dêrop werom.

Op in protte plakken yn de wrâld is ûnrêst. Minsken binne op 'e flecht. In lyts part fan dy minsken komt ek yn ús gemeente telâne. De FNP fynt dat by de yntegraasje fan flechtlingen ek foldwaande omtinken wêze moat foar de twatalichheid fan de Smellingerlânske mienskip.