Ynlieding

Gemeentebelied kin net los sjoen wurde fan it belied fan oare oerheden, yn Ljouwert, Den Haach, mar ek yn Brussel. Sa leit ús wrâld der hjoed de dei hinne. Dochs is it in goede polityk dat in gemeentebestjoer safolle as mooglik besiket om ta in belied te kommen, basearre op eigen ôfwagings.

Lês mear...

It bestjoer

Utgongspunt by it bestjoeren fan de gemeente moat wêze dat de gemeente fan ús allegearre is. En omdat wy net mei ús allen de gemeente bestjoere kinne, hawwe wy dêrfoar in oantal bestjoerders keazen. It bestjoer is der foar de ynwenners en net oarsom. Konkreet betsjut dit, dat:

Lês mear...

Wolwêzen

Gemeentepolitisy binne keazen troch de ynwenners fan de gemeente. Yn de fyzje fan de FNP moat it gemeentebestjoer him ynsette foar in sa grut mooglik wolwêzen fan de ynwenners fan de gemeente. Dit wol mei de rânebetingst dat it ferlet fan no net ten koste gean moat fan it ferlet fan de takomstige generaasjes.

Lês mear...

Feiligens

Binnen de mooglikheden en it foech dat de gemeente hat, moat der alles oan dien wurde om ús gemeente ta in feilige gemeente te meitsjen en te hâlden. Dêrby tinke wy dat it wichtig is dat de foldwaande tafersjoch is fan de plysje en de SVS. Wy hechtsje grutte wearde oan de wykplysjeman dy't goed op de hichte is wat der spilet yn syn wyk of doarp en dy't de minsken kin: tafersjoch op minkslike mjitte.

Ekonomy en wurk

Yn it hjoeddeiske tinken wurdt de ekonomy faak besjoen as eat dat as in selsstannige ienheid bestiet, wylst dat net sa is. Ekonomy is in gefolch fan minksklik hanneljen, in beskriuwing fan wat minsken dogge mei guod en hoe't dat útdrukt wurd yn jild. It mei dan ek nea sa wurde, dat de minsken ûndergeskikt makke wurde oan de ekonomy.

Lês mear...

Finânsjes

De FNP stiet in hoeden finansjeel belied foar. Eltse euro kin mar ien kear útjûn wurde en dêrom moat eltse euro dy't útjûn wurdt in sa grut mooglik maatskiplik rendemint ha. Dat betsjut automatysk dat je by grutte projekten ek sjen moatte nei alternative mooglikheden om yn te ynfestearjen. Mooglikheden dy't faaks in grutter maatskiplik rendemint hawwe.

Lês mear...

Romtlike oardering

Utgongspunt fan belied op de romtlike oardering moat wêze, dat it úteinliks bydraacht oan in better wolwêzen fan de befolking. Dêrby sil rekken holden wurde moatte mei de leefberens/libbenstier fan 'e mienskippen en it eigen aard fan it lânskip en it natuerlik fermidden. Drachten mei net oan de omlizzende doarpen fêstgroeie, mar der moat in buffer bliuwe.

Lês mear...

Folkshúsfesting

Alle ynwenners hawwe rjocht op in geunstich wenklimaat. Dêrom is it fan belang dat de wentebou yn lykwicht bliuwt met it ferlet oan wenten. Útwreidingsplannen binne yn it foarste plak bedoeld foar en ôfstimd op it ferlet fan de ynwenners fan ús gemeente. It ferlet oan wenten moat jierliks aktualisearre en yn it wenplan ferwurke wurde. Omdat it ferlet yn de tiid feroarje kin, moat der by nijbou safolle mooglik libbensrinbestindich boud wurde.

Lês mear...

Ferkear en ferfier

Utgongspunt fan it ferkearsbelied yn Smellingerlân moat wêze dat de iepenbiere rûmte fan elkenien is. De auto hat net automatysk it allinne-rjocht, mar is yn mear of mindere mjitte ûndergeskikt oan de oare funksjes fan de iepenbiere rûmte, ôfhinklik fan it plak: yn wenwiken en op de grutte wegen.

Lês mear...

Kultuer

Smellingerlân en dan benammen Drachten hat op it mêd fan kultuer oan de iene kant in regiofunksje (tink oan bygelyks de Meldij/Lawei), mar oan de oare kant is ek de ûntjouwing fan de 'lytse' kultuer yn doarp en wyk fan belang. Yn it kultuerbelied soe mear omtinken komme moatte foar it twatalige fan ús mienskip; it soe der yntegraal ûnderdiel fan útmeitsje moatte.

Lês mear...

Folkssûnens

Folkssûnens is ûnderdiel fan it wolwêzen fan de mienskip. De FNP is fan betinken dat de taak fan de gemeenten benammen lizze moat op it skeppen fan de betingsten foar in sûn libben. Dus yn it foarste plak ynsette op previntive maatregels.

Lês mear...

Sport

Sport is maatskiplik sjoen in wichtige saak. Oan de ien kant is der topsport, oan de oare kant de rekreaasjesport. De FNP is fan betinken dat yn Smellingerlân de klam lein wurde moat op de breedtesport: safolle mooglik minsken stimulearje te sporten en benammen ek de jeugd. De gemeente besiket ek oare doelgroepen goed yn byld te krijen.

Lês mear...

Ûnderwiis

Smellingerlân en yn it bysûnder Drachten hat wat skoallen oanbelanget in grutte regiofunksje. De gebouwen fan it fuortset ûnderwiis binne of komme meikoarten goed ynoarder. Foar it basisûnderwiis binne der noch wol in tal saken te winskjen op mêd fan húsfesting.

Lês mear...

Doarpen en bûtengebiet

Doarpen

Libbene doarpen binne ûnmisber foar in sûne gemeente en foar in goed wolwêzen fan har ynwenners. Yn gearwurking mei de doarpen moat der sjoen wurde op hokker wize doarpen leefber bliuwe kinne.

Lês mear...

Rekreaasje en toerisme

Yn Smellingerlân binne mooglikheden om de rekreaasje fierder út te bouwen. Der is wetter en der binne moaie lânskippen. De gemeente soe lytsskalige rekreaasje stimulearje moatte, mar moat der wol each foar hâlde dat it lânskip net ferrommelet.

Lês mear...