Ald izer bliuwt by de doarpen

NijegeaYn de riedsgearkomste stie it ynsammeljen fan âld izer op de wurklist. Yn Aldegea en Nijegea wurdt al jierrenlang it âld izer troch ferieningen en de tjserke ynsammele. Dat is in jierliks barren dat droegen wurdt troch de ynwenners fan de doarpen. Troch it beleid fan it kolleezje fan B&W soene de ferieningen dat fan 2013 ôf net mear kinne.

In mearderheid fan de ried tocht dêr lykwols oars oer. In moasje fan it CDA waard mei troch de FNP en 7 oare partijen ûndertekene en hie dêrmei in rûme mearderheid yn de ried.

De wethâlder hat tasein de moasje útfiere te sillen. Dêr binne wy bliid mei. In aktiviteit, droegen en útfierd troch de doarpen, moatte je as gemeente earder stypje dan ôfbrekke.

Takomst

pasfoto durkYn de gemeenteried fan febrewaris stie de sosjale wurkfoarsjenning op de wurklist. Fanwege besunigingen en wetswizigingen, moatte gemeenten de sosjale wurkfoarsjenning oars organisearje. De ynstek is net hoe oft it better makke wurde kin foar de minsken dy't dêr wurkje, mar de ynstek is dat it minder kostje moat. De besunigingen op de sosjale wurkfoarsjenning is in politike kar fan Den Haach.

Noreena Herz skreau yn har boek "De Silent Takeover" hoe oft grutte multinasjonale bedriuwen de demokrasy útholje. Troch harren grutte ekonomyske macht binne se yn steat politisy te manipulearjen en te stjoeren wylst politisy de boargers fertsjintwurdigje moatte soene. Ien fan de gefolgen is dat by in soad ôfwagings it jild en de (bedriuws)ekonomy liedend wurden is, wylst de 'oerheid' yn it foarste plak bedoeld is om it wolwêzen fan har boargers te hoedzjen en as it kin better te meitsjen.

Lês fierder

In hege priis foar Caparis

caparisÔfrûne tongersdei 22 septimber hawwe de 8 Fryske Kolleezjes dy't it bestjoer foarmje fan Caparis, harren rapport oer de takomst fan de WSW-ynstelling presintearre en oanjûn dat hja dizze gearwurking trochsette wolle. In oplossing foar de grutte finansjele problemen is dêr noch net. Boppedat krije de gemeenten jierliks 6 miljoen minder fan it Ryk. De acht gemeenterieden moatte elts noch beskaat beslisse oer de gearwurking.

Lês mear...

Takomstfyzje op inisjatyf fan FNP oanpast

takomstfyzjesmellingerlanYn de riedsgearkomste fan 10 maaie waard de 'Yntegrale takomsfyzje' fan Smellingerlân behannele. Yn de fyzje soe beskreaun wurde moatte hoe oft wy graach wolle dat Smellingerlân der yn 2035 útsjen moatte soe. In winskbyld dus.

De fyzje dy't oan de ried  foarlein waard, beskreau fjouwer senario's fan hoe oft it rinne kinne soe. Der siet net in winksbyld by. Omdat de yntegrale takomstfyzje in dokumint is dêr't belied foar de koartere termyn oan hifke wurde moat, like it de FNP dochs wol wichtich om fan de 4 senario's út ek in winksbyld del te setten.

Lês mear...

FNP-bustocht troch hiel Fryslân

bustochtFNP_JPG_154813kOp sneon 26 febrewaris toert de FNP mei de top tsien fan 'e kandidatenlist foar de Provinsjale Steaten troch Fryslân. De bus giet fan Gaasterlân, fia It Hearrenfean nei Drachten, troch de Westereen nei Damwâld en dêrnei fia Blessum en Snits wer nei Riis yn Gaasterlân. De bus mei dweilorkest wurd om 11.30 oere ferwachte yn it sintrum fan Drachten, op de Merke (by it eardere postkantoor). De FNP-kandidaten sille ûnder oaren struibrieven útdiele. De FNP hopet op dizze wiize op ien dei mei sa'n 2500 minsken in direkt kontakt te hawwen. De FNP wol each hawwe foar sawol grutte as lytse plakken.

Op de provinsjale kandidatenlist steane ek twa leden fan FNP-Smellingerlân: op tsien stiet Saapke Voolstra - studinte PABO oan de NHL - út Drachten en op plak alve Jannes van der Velde, selsstannich kommunikaasje-riejouwer út Rottefalle.

Krapte yn 2011

 

geldOan eltsenien in sûn en noflik 2011! De earste riedsgearkomste sit dêr al wer op. Hoe giet Smellingerlân om mei it tekoart oan struisâlt, wie de fraach fan de CU oan it Kolleezje yn dizze koarte riedsgearkomste. Dat is in kwesje fan keuzes, neffens de wethâlder. Sa is it mar krekt: as jo minder middels hawwe om doelstellings te realisearjen, dan moatte jo in kar meitsje.
Lês mear...

Plan B foar MFC-Aldegea

Aldegea hat yn jannewaris 2010 in boargerinisjatyf yntsjinne om de gemeente Smellingerlân sa fier te krije dat se mear jild beskikber stelle foar de bou fan in multifunksjoneel sintrum (MFC). De MFC-Kommisje is al acht jier dwaande  om de plannen - dy't útfiert wurde moatte op it sportkompleks De Kampen - op papier te setten.
Lês mear...

Smellingerlân!

drachsmelIt docht bliken dat de lêste tiid hieltiten faker yn offisjele publikaasjes fan de gemeente Drachten|Smallingerland brûkt wurdt wannear't de hiele gemeente bedoeld wurdt. De oantsjutting krijt dêrmei it karakter fan gemeentenamme. GroenLinks en de FNP hawwe hjiroer in ynterpellaasje oanfrege omdat it feroarjen fan de gemeentenamme it foech fan de gemeenteried is en net dy fan it kolleezje.  Hjirûnder de tekst fan it ynterpellaasjefersyk.

Lês mear...

Fûgelsang en Riedhûsplein geane troch

Raadhuisplein-impressie2Op tiisdei 2 novimber 2010 hat de ried ynstimt mei it projekt Fûgelsang yn Drachten. Ûntwikkelder Konst BV mei dêr in appartementenkompleks fan 26 wenten, 8 starterswenten oan de nij oan te lizzen Stêdssteech, 6000 kante meter winkels en in boppegrûnske parkeargaraazje foar 350 auto's. It saneamde "maaifjildparkearen" sil yn 'e rin fan de takomst beheind wurde. De gemeente sil as de parkeargaraazje klear is, dy foar 8,5 miljoen euro fan de ûntwikkelder oernimme.

Lês mear...

Kaderstelling nedich by útfiering WSW

caparis-neonIn pear moannen ferline is it jierferslach 2009 fan Caparis útkommen. Ôfrinde wike waard dit behannele yn ‘e gemeenteriedskommisje SAZO. Nei ús miening hat de gemeente noch hieltiten te min regy yn it proses oangeande omskeakeling fan Wws-produksjebedriuw nei “arbeidsûntwikkelingsbedriuw”. Dizze (ferplichte) omskeakeling is it gefolch fan in lânlike wetswiiziging út 2008.

Lykas oarre jierren, wie ek dit ferslach foaral in ferantwurding oan de gemeenterie en it gemeentebestjoer oer saken as de finânsjes, de taakstelling en de wachtlisten. Dat is fansels wichtich want sûnder dizze gegevens soe de gemeenterie harren kontrolearjende rol net wiermeitsje kinne. Mar it jierferslach hie fierder gean moatten. 

Lês mear...

Soargen oer plannen ESBO mei Hynstesintrum

fpcDe FNP makket him grutte soargen oer plannen dy’t de ESBO besiket te realisearjen op it terrein fan it eardere Fries Paarden Centrum (FPC) by Drachten. It sintrum is earder yn de griene buffer tusken Boarnbugum en Drachten bout mei in hynstebestimming. De ESBO wol de bestimming ferrûmje en ek wentebou mooglik meitsje. Hja freegje oan de gemeente hjirfoar de Krisis- en herstelwet te brûken.

Lês mear...

Gemeenteried wol gjin kaders ha

duurzaamheidYn de ried fan 11 maaie kaam de saneamde Kadernota Duurzaam wer oan de oarder. De ried hie ferline jier maart frege by moajse om in yntegrale Kadernota Duurzaamheid en no waard ús fan it kolleezje in nota oanbean dy't net yntegraal wie en dy't gjin kaders stelt. As der al in kader stelt waard wie it dat der noch ûndersyk dien wurdt nei hokker kaders der op it mêd fan CO2 neutraliteit eventueel stelt wurde kinne soene.

Lês mear...

Dinerbon foar Liesbeth Bosma út Gytsjerk

DSCN0314Hoe kin de gemeente yn ien kear 24 miljoen besparje, wie de priisfraach tiidens de ferkiezingskampanje 2010 op ús hiemside. It antwurd wie fansels net al te dreech (“troch net te ynvestearje yn in fierstente djoer spoar”); in dikke 40 minsken tochten der ek sa oer. Liesbet Bosma út Gytsjerk is út alle ynstjoerings earlik útkeazen foar de haadpriis. In bewiis dat de FNP-side goed besjoen wurdt, ek bûten Smellingerlân!

Op de foto jout Durk Oosterhof de haadpriis – in dinerbon foar twa persoanen – oan Liesbet en har partner.

Jongeren oer alkohol en drugs

drugsOp inisjatyf fan de Jeugdrie Smellingerlân, wie der op freedtejûn 19 maart in debatjûn organissearre oer alkohol en drugs. Lokaasje wie it nije jongereinsintrum Place 2 Be yn Drachten. Ùtnoege wie in grut tal jongeren, in previnsjemeiwurker fan de VNN (Ferslavingssoarch Noard-Nederlân) en de riedsleden.

In nijsjirriche jûn dy’t ús learde dat it gebrûk fan alkohol en drugs nea sûnder gefaren is. It jongerein kaam oan it wurd en dúdlik waard dat in soad fan harren wolris drinke of inkeld in jointsje smoke. Guon dogge dit om’t men har troch drank of it smoken oars fielen giet. Mar de previnsjemeiwurker wiisde derop dat it smoke fan in jointsje skealiker is dan it smoken fan in sigaret. Út ûndersiik hat bliken dien dat in persoan dy’t eltse dei trije jointsjes smookt, likefolle giftiche stoffen binnenkrijt as ien dy’t eltse dei in pakje mei 20 sigaretten brûkt. Softdrugs as hasj en wiet kinne faaks ek net mear “soft” nommen wurde om’t der hjoeddeis stoffen oan tafoege wurde dy’t meitsje dat dizze drugs eins hast “harddrugs” binne. Yn it bysûnder waard wiisd op de gefaren fan GHB, dat in sterke wurking hat en kleur- en rookleas is en ûngemurken yn bygelyks it drinken dien wurde kin.
Lês mear...

FNP ferdûbelet yn de ried

Stempotlood4De FNP giet yn de ried fan ien nei twa sitten. In ferdûbeling. Sijbren Sijtsma nimt de twadde sit yn njonken n listlûker Durk Oosterhof. Beide riedsleden sille besykje it FNP lûd yn de ried hearre te litten. Tankewol foar it fertrouwen fan ús stimmers!

Smellingerlân mei sosjaal net efteroer leune

FNP-Smellingerlân is bliid mei de útkomsten fan it lânlik FNV-ûndersiik nei de effektiviteit en doelmjittichens fan it sosjalebelied yn ús gemeente. Neffens de Lokale Monitor Wurk, Ynkommen en Soarch 2009 is it sosjale belied fan Smellingerlân it bêste yn Fryslân. Lânlik stiet Smellingerlân op plak 20.

Lês mear...

FNP stelt fragen oer ûnderhâld skoallen

swettenWy meitsje ús as FNP soargen oer de ûnderhâldssituaasje by de basisskoallen 'it Ambyld' en 'de Swetten' en hawwe dêroer fragen stel oan it kolleezje. Tagelyk is it ûndersteande parseberjocht fuortstjoerd:

--

FNP Smellingerlân waarschuwt voor de slechte onderhoudssituatie bij twee basisscholen in Drachten en stelt daarover kritische, schriftelijke vragen aan Burgemeester en Wethouders. B&W heeft volgens FNP-leider Durk Oosterhof verkeerde keuzes gemaakt bij de toedeling van onderwijsgeld. ‘Dit kin net en mei net.’

Lês mear...

FNP hat soargen oer WMO

Tiidens in polityke debatjûn op 18 febrewaris 2010 organisearre troch MEE Fryslân, hat Sijbren Sijtsma fan de FNP-Smellingerlân, sein dat deWet Maatschappelijke Ondersteuning (WMO) in tanimmende ynset fregetfan frijwilligers. Hy neamde dit “in grutte boarne fan soarch” . MEEFryslân, in organisaasje dy’t kliënten fan de sûnenssoarch saakkundichstipet mei advys, hie alle polityke partijen yn Smellingerlân útnoege. It gefoel fan de FNP koe rekkenje op meistimmen fan it publyk en demeaste oare partijen.

Lês mear...

PvdA yn need

Op freed 12 febrewaris hat de PvdA Smellingerlân yn in gearkomste mei it jongerein har twivels útsprutsen oer de finansiering fan in takomstich spoar by Drachten lâns. De gemeente Smellingerlân moet dêr 24 miljoen euro oan bydrage. Sa hat wethâlder Nieske Ketelaar, listlûker fan de PvdA, ferklearre dat de gemeentlike bydrage foar de oanlis fan it spoar net ten koste gean mei fan it sosjaal foarsjenningsnivo yn Smellingerlân. In utopy. Je kinne net 24 miljoen út de begrutting helje mei de kommende besunigingen sûnder op de ambysjes (en goed sosjaal belied is dêr ien fan) yn te leverjen.
Lês mear...

Stimwizer docht gjin rjocht oan frysktaligen

stemwIt allinnich yn it Nederlânsk útbringen fan de Stimwizer Smellingerlân is in 'gebrek oan respekt foar de frysktaligen'. Dat stelt listlûker en gemeenteriedslid Durk Oosterhof fan de FNP. De stimwizer dy't fan de gemeenteried op 5 febrewaris lansearre wurdt, is allinne mar yn it Nederlânsk. "Yn de ried is blykber tefolle wjerstân tsjin in Frysktalige ferzy njonken de Nederlânske ferzy."

De gemeenteried hat koartlyn besletten om in stimwizer foar Smellingerlân meitsje te litten om de kiezers hâldfêst te jaan by de gemeenteriedsferkiezings fan 3 maart. Dat barde op inisjatyf fan de FNP-fraksje yn de ried. Yn de tariedende gearkomste foar de stimwizer waard ek de frysktalige ferzy fan de stimwizer troch de makker fan de stimwizer beneamd. "No't op de útfiering oankomt, binne der blykber partijen dy't net wolle dat wy in stimwizer meitsje dy't ek rjocht docht oan de frysktaligen yn ús gemeente. Yn oare gemeenten lykas Ljouwert en Tytsjerksteradiel is wol keazen foar in twatalige stimwizer".

Lês mear...