Parkeargaraazje bongel oan de poat

parkeargaraazjeDe nije parkeargaraazje wurdt de gemeente in bongel om de nekke. Yn de begrutting fan de gemeente moat der jierliks mear dan 3 ton oan ekstra jild by. Yn de oarspronklike begrutting fan de parkeargaraazje út 2006 wie der fan út gongen dat der jierlikse autonome groei fan it parkearren wêze soe.

Lês mear...

FNP pleitet foar nij taalbelied

lettersYn de begruttingsgearkomste fan de gemeente op tiisdei 10 novimber hat de FNP it taalbelied fan de gemeente oan de oarder steld. De gemeente Smellingerlân hat in folgjend taalbelied. Dat betsjut dat de gemeente reagearret yn de taal dêr't se yn benadere wurdt.

Lês mear...

De Lawei kin it risiko net drage

nijelaweiBy de fernijbou fan de Lawei is ôfpraten dat de Lawei 1,4 miljoen fan de boukosten sels dekt út de eigen begrutting. De Lawei moat dat jild liene, mar nei no bliken docht, kin de Lawei it risiko fan de liening net drage.

Lês mear...

It opknappen fan de stegen yn it sintrum

stegenYn novimber 2013 hat de rie in amendemint oannaam oer it extra jild besikber stellen foar it sintrum. It gong om 2 miljoen euro. De FNP wie tsjin it amendemint op de begrutting omdat der tefolle jild sûnder dúdlik doel reservearre waard foar in sintrum dêr't de gemeente al in hiel soad yn ynfestearre hie.

Lês mear...

FNP-spandoeken fuorthelle

spandoekYn de nacht fan snein op moandei is it spandoek fan de FNP yn Koartehimmen fuorthelle. Yn Boarnburgum is besocht is spandoek yn de brân te stekken. De FNP sil oanjefte dwaan fan it fuortheljen fan it doek en kontrolearje oft der op oare plakken en spandoeken fuorthelle binne.

Pinautomaat út de Rottefalle

Pintautomaat RottefalleDe pinautomaat yn de Rottefalle wurdt begjin jannewaris troch de Rabobank fuorthelle. Dat is foar it doarp al wer in foarsjenning dy't ferdwynt. Wy hawwe in (anonieme) brief krigen mei de fraach oft wy helpe kinne om de automaat foar it doarp te behâlden.

Lês mear...

Spoeddebat Lawei leveret neat op

deLaweiTongersdei waard in spoeddebat hâlden oer de Lawei. Kearn fan it debat wie oft de wethâlder ynformaasje foar de rie achterhâlden hie yn de gearkomste fan 30 septimber. Yn dy gearkomste waar de stipe fan de rie frege om 3,725 miljoen euro ekstra subydzje oan de Lawei beskikber te stellen.

Lês mear...

Rie beslút op grûn fan iensidige ynformaasje oer Lawei

deLaweiDe Lawei krijt 3,725 miljoen euro ekstra subsydzje om de bou ôf te meitsjen en de mearderheid fan de rie hat har stipe dêrfoar útsprutsen. "Der kin no wer fierder wurke oan de kultuerambysje fan de rie", sa as de wethâlder it formulearre. Mar de rie hie der ek in jildbedrach by yn gedachten en liket no fergetten te wêzen.

Lês mear...

Saapke de Groot ynstallearre as kommisjelid

SaapkeYnstallaasjeYn de ultrakoarte riedsgearkomste fan 22 april is Saapke de Groot – Voolstra ynstallearre as kommisjelid foar de FNP Smellingerlân. Yn tsjinstelling ta sa'n fjouwer jier lyn (doe buorgemaster Bert Middel) lies buorgemaster Tjeerd van Bekkum de eed ek yn it Frysk foar.

In kommisjelid (ek wol fraksjefertsjintwurdiger neamd) mei dielnimme oan 'de ronde tafel', it earste diel fan de riedssyklus.

FNP mei ien sit werom yn de rie

stimpotleadYn de foarlopige útslach fan de ferkiezings ferliest de FNP ien sit en wurdt dêrmei wer in ienmansfraksje. Spitich.

Foar de kiezers dy't op ús stimt hawwe: Tige tank foar it betrouwen. Wy sille besykje ek de kommende fjouwer jier wer in dúdlik FNP lûd hearre te litten.

Wynmûnen komme der net

wynturbineJusterjûn waard de rie frege in útspraak te dwaan om wol of meiwurking te ferlienen oan plannen om it mooglik te meitsjen by de Haven oan it Peinder Kanaal wynmûnen del te setten. De FNP fynt dat it kanaal net in goede lokaasje is om grutte wynturbines del te setten.

Lês mear...

Durk Oosterhof op 'e nij listlûker

pasfoto durkDe FNP leden hawwe justerjûn Durk Oosterhof op 'e nij keazen ta listlûker foar de kommende gemeenteriedsferkiezingen. Saapke Voolstra, âld foarsitter fan de FNP Jongerein, stiet op nûmer twa. Wietze Lap út de Rottefalle stiet op nûmer trije.

Lês fierder

Ek yn Smellingerlân in stimwizer

stemhulpKrekt as fjouwer jier lyn, komt der ek no wer in stimwizer foar de gemeenteriedsferkiezings fan 19 maart oansteande. It inisjatyfútstel fan de FNP waard yn de gearkomste fan 10 desimber troch de rie oannommen.

Lês mear...

FNP net iens mei beliedsplan

gemeentehûsFan de wike waard it foarnommen belied foar de periode 2013-2016 besprutsen. Us gemeente liket der finansjeel noch wol goed foar te stean. Der kin noch ynfesteard wurde en it sosjale belied hoecht net útklaaid te wurden.

Dat is goed wurk fan it kolleezje. Mar der binne ek mindere punten.

Lês fierder...

Smellingerlân wurdt fair-trade gemeente

fairtrade logoYn de ried fan 4 septimber 2012 is mei it inisjatyf ynstimd om ús gemeente Fairtrade te meitsjen. In Fairtrade Gemeente is in titel dy't in gemeente krije kin als hja bysûndere ynspannings leverje om fairtrade of earlike hannel mooglik te meitsjen.

Smellingerlân wol har ûnder oaren ynsette foar:

  • Mear oankeapplakken foar Fairtrade-produkten, sawol yn de detailhannel as yn de horeka;
  • Mear ynwenners en bedriuwen en organisaasjes yn Smellingerlân besykje te stimulearjen om dizze oankeapplakken te finen;
  • Mear bekendheid oer de betsjutting fan Fairtrade foar ûntwikkelingslânnen.
Lês fierder...

Bestimmingsplan Bijzondere Onderneming

efterweiYn de Rottefalle leit in hoekje by de Efterwei noch braak. De bestimming op dat stikje wie wenjen en wurkjen. De oare persielen fan it oarspronklike wenjen en wurkjen plan binne al beboud oerienkomstich it bestimmingsplan.

lês fierder...

Dochs noch in feart yn Drachten

drachsterfeartDe lêste wiken wiene drokke wiken omdat der ekstra gearkomsten wiene fanwege de Drachtster Feart. De ried moast in útspraak dwaan oer in yngewikkeld útstel omtrint in oanpaste oerienkomst mei Vastgoed Noord (VGN). Yn in pear wurden de histoarje.

Lês fierder...

Unwis perspektyf

durk-persperktyfTiisdei waard de Perspektyfnota yn de rie behannele. Yn de perspektyfnota steane de beliedsfoarnimmens fan de gemeente foar de kommende tiid. Dy wurde útwurke yn de begrutting dy't yn novimber oan de oarder komt.

It sil net nij dwaan dat de besunigings sintraal stiene. De gemeente krijt minder jild fan it Ryk moat dus tûker begrutsje.

Lês fierder...

Nij WMO-beliedsplan freget hurd wurkjen

wmo-loketYn de ried fan 12 juny 2012 is it nije WMO-beliedsplan foar 2012-2015 mei grutte mearderheid fêststeld. Hoewol't oant no ta altyd jild oerhâlden waard op it WMO-budzjet, foarmje besúnigings dochs foar in part ûnderdiel fan it nije WMO-beliedsplan. De kearnbegrippen fan it beliedsplan "eigen krêft en selsredsumens" wize ek yn dizze rjochting.

Lês fierder...

Nije boargemaster yn Smellingerlân

TjeerdvanBekkumJusterjûn hat de gemeenteried ienriedich de Tjeerd van Bekkum foardroegen as nije boargemaster fan Smellingerlân. Op dit stuit is dhr van Bekkum noch boargemaster fan Marum.

It is de bedoeling dat de nije boargemaster yn septimber ynstallearre wurde sil troch de kommisaris van de keninginne. De FNP-Smellingerlân lokwinsket dhr van Bekkum.