FNP tsjin folsleine winkeliepenstelling

Skreaun troch Durk Oosterhof

Juster soe de ried prate oer it mooglik meitsjen fan de sneinsiepening fan winkels. Yn it útstel dat der lei, soene winkels op alle dagen fan moarns 6 oant jûns 10 oere iepen wêze meie. Fan de CU kaam in amendemint om it tal winkelsneinen te beheinen en in amendemint om de iepeningstiiden te beheinen (fan 12 oere ôf op snein iepen).

De FNP is net tsjin winkelsluting op snein en yn de ferkiezingskampanje hawwe wy hieltiten sein dat as der útstel komme soe om de winkels op snein iepen te dwaan, wy dat net blokkearje soene. By de ûnderhannelingen fan it haadlinenakkoart is ôfpraten dat de koalysje de sneinsiepening mooglik meitsje sil.

Yn de gearkomste hat de FNP de ried en benammen de koälysje frege om yn te stimmen mei it amendemint fan de CU dat de iepeningstiden beheine woe mei as reden dat wy dan rjocht dwaan soene oan de partijen dy’t leaver gjin winkelsnein hawwe en rjocht dogge oan de partijen dy’t yn de kampanje ynsetten ha op winkeliepening op snein. En ek de winkeliers wolle eins net foar 11 oere iepen (behalve de supermerken, mar dêrfoar woe de CU noch wol in útsûndering meitsje wollen, sa like it).

Binnen de koälyse wie dêr gjin draachflak om it amendemint fan de CU te stypjen. Dêrmei ferfoel de mooglikheid om de tiden te beheinen en soene de winkels fan moarns 6 oant jûns 10 oere iepen meie op sneins. De FNP soe hjirre foar stimd hawwe omdat wy dat by it ûnderhannelingen fan it haadlinenakoart ôfpraten hiene.

Mar doe’t de oare koälysje-partijen (op GL nei) it amendemint fan D66 stipen foar in 24 oeren iepenstelling, kaam der ynienen in hiel oar útstel te lizzen dêr’t de FNP net mear achter stean koe. De FNP hat dan ek as iennichste koälysjepartij tsjinstimd.