Lit it gas net winne

Skreaun troch Durk Oosterhof

litgasnetwinne

De pleatslik- en doarpsbelangen yn Smellingerlân en alle politike partijen, dy 't fertsjintwurdige binne yn de gemeenteried wolle meiinoar stride tsjin boarrings nei nije gasfjilden. De petysje dêrta is in moanne lyn út ein set.

Om ús boadskip te stypjen is der op moandei 18 juny om 19.30 oere in gearkomste yn it gemeentehûs fan Smellingerlân mei Annemarie Heite, de dupearre fan Bedum, Grins en Bouwe de Boer, oanjager ferduorsuming yn Fryslân.

Ús nije wethâlder Piet de Ruiter is ek oanwêzich. Boargemaster Tom van Mourik slút de gearkomste ôf.

Kom mei safolle mooglik minsken nei dizze gearkomste .