Haadlinenakkoart is klear

Skreaun troch Durk Oosterhof

haadlinenakkoartDe kûgel is troch de tsjerke. Der is in haadlinenakkoart fan de nije kolleezjepartijen. It nije kolleezje bestiet út de ELP, PvdA, VVD, GroenLInks en de FNP. Yn it nije kolleezje komme fiif wethâlders. Twa fan de ELP, ien fan de PvdA, ien fan de VVD en ien fan GroenLinks en de FNP. Foar de FNP en GroenLinks wurdt Piet de Ruiter de nije wethâlder..

Yn it haadlinenakkoart leit de klam op in iepen manier fan bestjoeren (boargers, maatskiplike organisaasjes en bedriuwen mear belûke by de it bestjoer). Net alles leit fêst; der binne allinne haadlinen fan bestjoer fêstlein. Yn it haadlinenakkoart wurdt de gemeente delsetten as in grutske Fryske gemeente dêr't de taal goed ferankere is yn de mienskip. Ek komt der in jier lang in sjoernalistike ferslachjouwing fan de riedsgearkomsten. Nei in jier wurdt dit evaluarre.