Stimwizer nimt it Frysk net serieus

Skreaun troch Durk Oosterhof

Yn de Fryske fersy fan de stimwizer fan Smellingerlân sitte safolle taalfouten dat de teksten hast net te lêzen binne neffens Oosterhof fan de FNP. "In Nederlânsktalige stimwizer fan dit nivo soe net akseptearre wurde. It liket wol of hawwe se de Nederlânske teksten troch in robot oersette litten sûnder der fierder noch nei om te sjen. En dêr komt noch by dat de taljochtingen fan de FNP yn de Nederlânsktalige fersy hielendal net oersetten binne". De gemeenteried hat eartiids besletten om in twatalige stimwizer meitsje te litten. Foar de oersetting is in substansjeel bedrach betelle.

Oosterhof fynt dat Prodemos (de makker fan de stimwizer) in wanprestaasje levere hat en ferwachtet dat se dat sa gau mooglik ferbetterje. Foar in stimwizer sa as dy no is, heard net betelle te wurden neffens Oosterhof. "As de bakker bôle leverje soe fan deselde kwaliteit as de stimwizer, dan soene jo dat ek net akseptearje. Jo soene dat fan in FNP-er net ferwachtsje, mar it is mar goed dat de Fryske fersy fan de stimwizer hast net te finen is, want sa as hy der no opstiet, is gewoan beskamsum".

Foarbylden út de stimwizer (samar in pear willekeurige sinsneden):

ELP pleitet hjir al 4 jier foar, ûndernimmers syn kapabel genôch om dit sels te organisearjen.

Troch winkels as elektroanikasaken op it yndustryterrein ta te litte, sil hja faker de auto pakken om nei it yndustryterrein te gean. En net de fyts pakken nei it sintrum. De lokale middenstân sil dêr faaks lêst fan ûnderfine om't hja net efkes in broadsje by de bakker sil helje of in kopke kofje giet drinke op in terras

Op snein kinsto nei de biblioteek, nei de Lawei en nei de bioskoop. GrienLinks is fan miening dat ynwenners fan Smellingerlân binnen har gemeente ek op snein boadskippen soene helje kinnen moaten. Wy fine it wichtich dat de winkeliers sels bepale of hja op snein iepen binne en dat sy net ûnder drok set wurde troch bygelyks de middenstânsferiening