Oosterhof listlûker FNP-Smellingerlân

Skreaun troch Durk Oosterhof

De ledegearkomste fan de FNP Smellingerlân hat de list foar de kommende riedsferkiezings gearstald. Sittend riedslid Durk Oosterhof, biologysk boer op It Súd, krige wer it betrouwen fan de leden en waard oanwiisd as listlûker.

Op nûmer twa is kommen Wietze Lap, rekreaasjeûndernimmer op 'e Rottefalle. Beide binne ek wurksum yn it middelber beropsûnderwiis.

It tredde plak wurdt ynnommen troch in nijkommer, sosjaal wittenskipster Kim Tsai, ek fan de Rottefalle.

It nije program set yn op in maatskippijfyzje dêr't ek de net op jild te setten ekonomyske faktoaren (miljeu, wolwêzen, ensfh.) tige yn meiwoegen wurde. Yn dit ramt pleitet FNP-Smellingerlân ek foar it ûndersykjen fan de mooglikheid fan in algemien basisynkommen.