Breedbân ynternet

Skreaun troch Durk Oosterhof

breedband

Ferline jier kamen CDA, ELP en VVD mei in inisjatyfútstel om yn de gemeente glêsfezel oan te lizzen yn de wite (dêr leit no allinne in tillefoankabel) en grize (koaxbekabele gebiet).Ferline jier kamen CDA, ELP en VVD mei in inisjatyfútstel om yn de gemeente glêsfezel oan te lizzen yn de wite (dêr leit no allinne in tillefoankabel) en grize (koaxbekabele) gebiet.

Foar goed 14 miljoen euro of dêromtrint soe dan de gemeente bekabele wurde kinne. De kabel soe dan yn eigendom komme fan in stifting. Omdat tagelyk de provinsje ek dwaande wie mei plannen om de hiele provinsje te bekabeljen (it wite gebiet), like it in mearderheid yn de gemeenteried better om dat earst ôf te wachtsjen. Dat wie ek de opstelling fan de FNP.

It provinsjale plan hat hast in jier ûnderweis west. Yn maart fan dit jier kaam it kolleezje mei in ústel om oan te sluten by/mei te gean yn it provinsjaal inisjatyf omdat de gemeente sels net de saakkundigens hat. Hooplik hawwe no de wite gebieten yn gemeente binnen trije jier in glêsfezeloansluting.