Takomst Caparis noch hieltiten ûnwis

Skreaun troch Durk Oosterhof

caparis 2De 8 gemeenten dy't de mienskiplike regeling foarmje dêr't Caparis ûnder falt, binne it net iens oer de takomst fan Caparis. Mei de ynfiering fan de partisipaasjewet is it wetlik ramt fan de sosjale wurkfoarsjenning gâns feroare wêrtroch ek de rol fan Caparis in oare wurde moatte soe. Hoe dy rol der dan útsjen moat, komme de bestjoers net út.

De direksje hie in trije ferskillende senario's oan de kolleezjes foarlein. By it foarlizzen fan de senario's oan de kolleezjes fan de ferskate gemeenten die bliken dat der gjin oerienstimming wie oer hokker senario it wurde moatte soe. De direkteur fan Caparis sil no mei nij útstel komme hoe no fierder. Foar de ein fan it jier kinne de gemeenten dêr dan wer oer gear.

De FNP fynt it frustrearjend dat de gemeenteried net echt fet krije kin op de mienskiplike regeling en fynt it beskamsum dat de bestjoerders yn de mienskiplike regeling net ta in oerienstimming komme kinne oer de takomst fan Caparis. It is wichtich dat de stim fan it personiel goed meiwoegen wurde moat yn it te kiezen senario.