FNP wol parsebureau ynhiere foar de gemeenteried

Skreaun troch Durk Oosterhof

gemeenteriedBy de behanneling fan it Perspektyf (yn dit dokumint kin de ried it kolleezje in rjochting meijaan foar de begrutting dy't de ried yn novimber fêststelt), hat de FNP útstelt om foar de gemeenteried in parseburo yn te hieren dy't op in sjoernalistyk ûnôfhinklike manier de ferslagen makket fan de riedsgearkomsten. Dy ferslagen soene dan publiseard wurde kinne yn bygelyks de Breeduit en op de hiemside fan de gemeenteried.

Troch it hieltiten fierder útklaaid wurden fan de lokale en regionale parse witte de ynwenners fan de gemeente mar kwalik wat de gemeenteried allegearre docht en witte se al hielendal net hoe oft de ferskate politike partijen oer de ferskate ûnderwerpen stimme. Om de belutsenheid fan de ynwenners by de polityk te fergrutsjen is it wichtich dat hja witte wat der spilet.

De FNP krige allinne Grien Links mei foar dit útstel.