Peinder Mieden

Skreaun troch Durk Oosterhof

peindermiedenNei in protte geharrewar is yn july it bestimmingsplan foar de Peinder Mieden fêststeld. Dêrmei is in trajekt fanôf 2012 (en eins noch earder, mar yn 2012 is it earste beslút fallen) ôfsletten.

De Peinder Mieden is in plan om tusken Drachten en de Pein op 90 bunder lân 42 wenten te bouwen. It bysûndere is dat de eigeners fan de wenten ek de 90 bunder natuur dy't oanlein wurdt, ûnderhâlde. De mooglike eigeners binne ferienige yn in keapersferiening.

Omdat dit in foarm is dy't net safolle foarkomt yn Nederlân, sitte der wol de nedige risiko's oan. Dêrom hie de gemeenteried yn 2012 in oantal dúdlike rânebetingsten steld, ûnder oaren om it finansjele risiko fan de gemeente te beheinen. Alle 42 kavels soene ferkocht wêze moatte foardat it bestimmingsplan fêsteld wurde soe.

Omdat dat net helber wie foar de mooglike keapersferiening omdat banken gjin finansiering jouwe op kavels yn noch net fêstelde bestimmingsplannen hat de gemeenteried dy rânebetings oanpast. Dêrnjonken hat de ried earder ek besletten dat it plan yn twa-en knipt wurde koe omdat doe de keapersferiening noch te min leden hie om it plan trochgean litte te kinnen en it kolleezje en in mearderheid fan de ried fûnen dat it plan beslist trochgean moatte soe. Op dat lêste wie de FNP bûtengewoan kritysk omdat dêrmei it finansjele risiko foar de gemeente tanimme kinne soe. Mei de fersekering dat fêsthâlden wurde soe oan de oarspronklike rânebetingsten út 2012 omtrint de finansjele sekerheid, hat de FNP dêr doe wol mei ynstimd.

De fersoepeling fanwege de keapkontrakten hat de FNP net oer meistimd omdat ús riedslid doe krekt opereard wie. Yn it debat dêroer (de wike foar de stimming) hat de FNP oanjûn dat se net mei it útstel ynstimme soene.

Yn july is úteinliks it bestimmingsplan yn proseduere gong. Op dat stuit hie de keapersferiening noch net genôch leden mei in fêstleine keap-yntinsje. Dat wie de reden dat de FNP fan doel wie om net mei it útstel yn te stimmen. Op de jûn fan de gearkomste kaam de werhâlder mei de meidieling dat der op dat stuit op 500 kante meter nei genôch grûn mei keap-yntinsje wie om trochgean te kinnen.

Hoewol de FNP it net iens wie mei de ferromming fan de rânebetingsten omtrint de keap-yntinsje ynsté fan in keapoerienkomst, koene wy no net oars dan ynstimme mei it bestimmingsplan. Dit omdat de gemeenteried dy rommere betingsten fêststeld hie. It soe dan net korrekt wêze nei de keapersferinging ta dat op it stuit dat de keapersferiening oan dy betingsten foldocht, de ried oan de keapersferiening meidield dat it net trochgean kin.