Swimbad de Welle

Skreaun troch Durk Oosterhof

Ús swimbad de Welle is oan'ein. Nijbou is eins de iennichste opsje. As je in nij swimbad bouwe kin dat op ferskate manieren. Je kinne kieze foar allinne in rekreaasjebad (al of net mei bûtenbad) en foar rekreaasje en topsport. Op dit stuit is de Welle it iennichste topsportbad yn Noard-Nederlân.

De ambysje fan kolleezje en ried leit by in nij rekreatyf swimbad yn kombinaasje mei in 50 mtr bad dat foar wedstriden geskikt yn. De provinsje hat oanjûn 10 miljoen yn de bou fan 20 miljoen bydrage te wollen. De lokaasje dy't it kolleezje útsocht hat, soe de Sportleane wêze.

In oantal partijen yn de ried makken harren soargen oer parkearrûmte en ferkearsôfwikkeling op dizze lokaasje. It kolleezje komt no mei in nij útstel nei de ried omtrint de lokaasjekar foar in nij swimbad. Foar it provinsjale jild wie it wichtich dat ried útspruts dat hja de ambysje hawwe om te kommen ta in nij rekreaajse swimbad yn kombinaasje mei in 50 meter wedstriidbad. De FNP stipet de ambysje foar in topsportbad.