Seismysk ûndersyk lytse gasfjilden

Skreaun troch Durk Oosterhof

Vermilion siket om lytse gasfjilden foar de gaswinning. Dêrfoar is seismologysk ûndersyk nedich. De útkomsten fan sa'n ûndersyk kinne ek brûkt wurde om gaadlike lokaasjes te finen dêr't ierdwaarmte wûn wurde kin.

Ús gemeente hat him útsprutsen tsjin de gaswinning yn de gemeente. Om dy reden is it bestimmingsplan bûtengebiet oanpast, sadat de gemeente in oanfraach foar seismologysk ûndersyk ôfwize kin op grûn fan it bestimmingsplan.

De bestimmingsplanwiziging is unanym troch de gemeenteried fêststeld.