Grutte respons op enkête FNP

Skreaun troch Reitze Jonkman

fnpenketeYn de moannen jannewaris en febrewaris hat de FNP Smellingerlân in enkête hâlden yn de gemeente Smellingerlân. Mear as 400 minsken hawwe meidien en de resultaten binne yn april yn De Rottefalle bekend makke.

De enkête waard op papier hûs-oan-hûs ferspraat, tenminste by de adressen sûnder nee-stikker. Fia adfertinsjes waarden oaren oantrune om de enkête online yn te fullen.

 

Wy hiene twa doelstellingen:

  • ynsicht krije yn hoe't der oer in tal punten tocht wurdt dy't foar de FNP wichtich binne (en wer't wy it meimekoar ek net altyd oer iens binne)
    de ynwenners de kâns te jaan ûnderwerpen oan te dragen foar ús programma foar de kommende ferkiezingen;
  • Ek woene wy de klacht dat je allinnich by ferkiezingen mar wat fan politisi hearre, foar wêze.

Yn al dy doelstellingen binne wy tige slagge! 

Oer de pdf útslach fan de enkête (1.16 MB) : Der wiene in fryske en in nederlândske ferzy beskikber (dia 2). De enkête wie representatyf foar de ferhâlding Drachten/doarpen (dia 3). Oer de keapsnein binne de mieningen dúdlik ferdield, de 'Friezen' binne wat behâldener (dia 4,5,6). Oer de gasboarrings hat men him dúdliker útsprutsen (dia 7,8). Oer Fersjennings en Feiligens kamen in protte reaksjes der't wy yn ús ferkiezingsprogramma grif wat mei kinne. (dia 9-12)

Oer Frysktalige plaknammen yn Smellingerlân (ek al hoecht Drachten net feroare te wurden en hat it foar 80% dus gjin gefolgen) binne de mieningen dúdlik ferdield (dia 14-17), en lyksa oer Twataligens yn it algemien (dia 18-19). Ek de fraach oer Boarger en polityk smiet in soad ferskillende reaksjes op, benammen oer de ynformaasje oer wat der yn de Gemeenterie oan de oarder komme sil en oer hoe't der stemd wurdt. (dia 20-21)

De enkête is foar de FNP oanlieding om noch foar de simmer op twa punten te kommen mei in inisjatyffoarstel:

De wurdt yn oerienstemming mei de wet (dia 22) in better Taalbeliedsplan foarsteld dan wat der no yn in burolade leit te ferskimmeljen. Dit sil dien wurde troch de Taalbeliedsmakker fan de Afûk ta te spitsen op de twatalige sitewaasje yn Smellingerlân. (dia 23-24)

Ek sille wy foarstelle de berjochtjouwing oer wat der yn de Gemeenteried oan bod komt en hoe't der stemd is better nei de boarger te kommunisearen. No moat wy it dwaan mei in hoekje yn de Breeduit (dia 25). Dat kin folle better. Der kin noch keazen wurde foar in wat sjoernalistike oanpak (dia 26) of foar in wat formelere oankundiging (dia 27) en ferantwurding efterôf (dia 28). Ek in makilker te finen eigen site foar de Gemeenteried wurdt deryn meinommen. (dia 29).

Wy hawwe in soad reaksjes krigen yn de trant fan: Eindelijk kin ik my hearre litte en Meer van dit soort enquêtes graag. De kreet De politiek luistert toch niet komt ek regelmjittich foar, hooplik sjocht men no dat je wol deeglik wat oan 'de polityk' kwyt kinne, en dat dy der dan ek wat mei docht.